- 14 - De tastân fan de wegen is net al te best. Behear en ûnderhâld binne net foldwaande en as sadanich hiene wy graach wold dat it kolleezje mei útstellen datoangeande komme hie om de sitewaasje te ferbetterjen. It liket ús ta dat der sa gau mooglik mei ûnderhâld oan de wegen begûn wurde moat. Lienen fan jild foar ûnderhâld soe wolris jild besparje kinne op termyn, omdat as jo no de saak fertuteazje aanst de helte mear jild nedich wêze sich om alles yn'e oar- spronklike tastân te krijen. Wat de rioalearings oanbelanget soe der earst ûndersyk dien wurde moatte hoe't de nijste ûntjowings op dat mêd binne. Foar de rekreaasje sjogge jim gjin oerheidsrol. Wol sille der neffens jim goede betingsten skepen wurde moatte. Wy fine dat ek. Yn dat ferbên liket it ús logysk ta om benammen te tinken oan de fersoarging fan ús doarpen. Wy sille derom tinke moatte dat dy der kreas by lizze. Der om sil it grienûnderhâld mear soarch hawwe moatte. Grienstreken, perken en parken moatte dêrom de nedige oandacht hâlde. Op dit stuit hat soks der wol oan. Benammen it Wilhel- minapark yn Grou leit der raar fersutere by. Wy fine dat der benammen in goed tafersjoch by it ûnderhâld wêze moat. Wy fine ek dat it kolleezje ynspylje moat op it lytse farwegen- plan. Toeristysk kin dat nije ûntjowings biede foar dizze streek. De tiid foar ynspraak is noch mar koart en dêrom is it spitich dat wy dêroer noch neat fan it kolleezje heard hawwe. De oanset yn Terherne is fan belang mar der sil opromming komme moatte om in goede start fan it TRAP-plan mooglik te meitsjen. De konsekwinsjes oangeande de sanearring fan de Stichting Wetterrekreaasje sille nommen wurde moatte en yn de begrutting ferwurke. Ut ynformaasje hat ús bliken dien dat stipe út de Europeeske Fûnsen net op foarhân útsletten wurde moat. Wy dogge dan ek in berop op it kolleezje om dêr djipgeand ûndersyk nei te dwaan. It sil wat ekstra, tiid kostje, mar der kin ekstra jildynkomsten tsjinoer komme te stean. Oangeande de Romtlike Oardering soe in bestimmingsplan bûten- gebiet fan grut belang wêze ek al om mear mooglikheden te hawwen om ûntjouwings dy't wy net wolle op dit gebiet fan de gaswinning keare te kinnen. Oer de oandacht dy't oan de lytse doarpen jün wurdt binne wy net alhiel gerêst. Wy fine dat op dit stuit hiel wat oandacht rjochte wurdt op Grou, Akkrum en Aldeboarn en dat soks ten koste giet fan ús lytse doarpen. Terherne en Jirnsum sille earstoan mear oandacht ha moatte yn it belied. Dat it kolleezje aktyf belied fiere wol op it mêd fan de wurk- gelegenheid liket ús tige goed ta. It is dan needsaaklik om yn de doarpen de mooglikheden foar útwreiding fan de besteande bedriuwen te ûnderkennen. De grutte wurkleazens yn ús gebiet jout ús faak in gefoel fan ûnmacht mar sil op alle terreinen sa folie mooglik bestriden wurde moatte. Yn dat kader past dan ús pleit om in stik wurkgelegenheid yn de agraryske sektor te behalden. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 16