- 15 -
De lytsere boeren en de natuerboeren, dy't fanwegen harren
soarch om it miljeu minder dong en dêrmei minder bisten op
harren bedriuwen hiene, binne troch de molkekwotearring yn de
knipe rekke. Earder woene hja frijwillich mei minder ynkommen
folstean om de natuer te sparje. Troch de maatregels dy't Braks
naam hat binne dy boeren likefolle koarten yn harren kwotum as
de yntensivere boerebedriuwen. Dat betsjut dat hja ferdwine
sille as der gjin ferheging fan harren kwotum en dêrmei fan
harren ynkommen komt. Wy komme dêr meikoarten op werom.
Oangeande it Frysk moatte wy openij konstatearje dat der gjin
skot yn komt om no de saak no ris fiks oan te pakken en mei
faasje it belied datoangeande wier te meitsjen. Opfallend is dat
der yn de oanbiedingsbrief datoangeande mei gjin wurd rept wurdt
oer it Frysk. It soe no heve yn de hjerst, mar de bieden binne
al wer fan de beammen en de hjerstkleuren ferdwûn. De winter
stiet der oan te kommen. Hoe lang noch sil it Frysk yn de iis-
kâlde kjeld fan de winter stean bliuwe?
Oant no ta is alles yn wurden sein, mar foarsitter, lykas it
sprekwurd seit: It is mei sizzen net te dwaan
Op it mêd fan de wolwêzenplannen wachtsje wy of hoe't it ien en
oar stal krije sil yn in ienfaldige regel jouwing. It liket ús
skoan ta om de saak net yngewikkelder te meitsjen dan it faaks
al is. Ek it jeugd- en jongereinwurk sil noch neier besjoen
wurde. De útstellen dêroer wachtsje wy mei belangstelling of,
lykas by it âldereinwurk.
De beliedsfisy oangeande de sport sil yn'e maitiid troch jim
útbrocht wurde. In goede saak omdat dêrmei de ferienings witte
hoe't hja nei de takomst ta wurkje moatte.
As ôfsluting noch it folgjende. Yn't foarste plak soene wy wolle
dat der in dúdliker omtinken jûn wurdt oan in grutte groep yn ús
fermidden. Dat binne de handikapten.
Earder joegen jim as kolleezje oan dat der gjin kommisje op dat
terrein wurksum wêze hoegde. Wy konstatearje no dat dy groep,
neffens sifers sa likernoch 20% fan it totaal, gjin ekstra oan-
dacht kriget en dat spesifike fragen fan dy groepen net troch-
komme by de bestjoerdersDêr om geane wy yn de pleit foar in
spesjale kommisje fan handikapten en mei koarten kinne jim fan
ús útstellen dêroer ferwachtsje.
De gefolgen fan de gaswinning yn ús gebiet binne helte grutter
as ferwachte wie. Wy ferwachtsje dat it kolleezje mei klam by
oaljemaatskappijen en regear oantrune sille om ûndersyk te dwaan
nei de fierdere gefolgen fan dy winning.
Op dit stuit skatte wy yn dat as gefolch fan de boaiembeweging
in folslein oare bou tapast wurde moat yn it gaswingebiet. Skea
oan besteande bebouwing is net foar te kommen mar de konse-
kwinsjes foar de nijbou sil earst fêststean moatte eart der
fierder boud wurdt yn dat gebiet.
Ien en oar jout ús de indruk dat der yn it kommende jier hannen-
fol wurk te dwaan is.
Mei it kolleezje hoopje ek wy dêrta in bydrage te leverjen.
De voorzitter schorst om 10.30 uur de vergadering zodat het
college zich kan beraden op een reactie.
0052V