- 26 - De hear GBouma sil besykje de achtergrûn wat út te sketsen. Hy wol op foarhân sizze dat it syn bedoeling is dat it doel earder en op in effisiëntere wize berikt wurdt. In jier lyn hat der in wiidweidige diskusje west oer it al as net yn it libben roppen fan in breed gearstalde wurkgroep om de rekreative ûntjouwing fan Grou op priemmen te setten. Dat slagge doe net sa bot en dat hat der ta laadt dat hy in konsept- ynisjatyf útstel makke hat út namme fan syn fraksje. Dy wurkgroep hoechde net mei in grut plan en allegear loftbellen te kommen mar suver fanút de praktyk besjen wat de doelstel lingen binne fan eltse oanbelangjende apart. It ynisjatyfútstel is net yntsjinne omt doe de ferkeap fan it rekreaasjeoarde noch spile. Doet bekend waard dat de ferkeap net trochgong wurde sein dat it ynisjatyfútstel noch net yntsjinne wurde hoechde omt in partikulier ree wêze soe om op eigen risiko de saak yn kaart te setten. Dat hat him allegearre bûten de rie om ófspile. Hy stelt no fêst dat der fia de partikulier dy't him doe oantsjinne hat der no in bedriuw is sûnder fan te foaren ôfsprutsen doelstellingen en rênebetingsten oan it wurk mei. Dêrom moatte we no earst stean bliuwe wêrby each halden wurdt foar alle eleminten sadat dy opelkoar oansluten wurde kinne en mei de planfoarming begûn wurde kin. It is gjin sterk argumint as de foarsitter oanfierd dat der ferwachtings binne dy't wierskynlyk wol net útkomme sille. Dan kinne jo it ommers wol ferjitte om belied te meitsjen. Ferline jier hat hy al sein dat eventuele planfoarming yn dit ramt wat faaks wol jild kostje sil, dat syn fraksje dat foar syn ferant- wurding nimt. Mevrouw Aukes ondersteunt dit betoog van de heer Bouma van harte. Wethâlder Breeuwsma seit dat no hy alles oanheard hat hy it wol mei de hear Bouma iens is. Allinne, hy hat troch de tiid wol leard dat ferwachtingen útkomme as jo se net te heech stelle. It soe moai wêze as dit ferhaal útkomme soe, mar de wurklikheid goait jo altiten yn'e hoeke werom dat it spitich is dat it dochs net sa komt as jo ferwachtsje hiene. Hy hat fêst de gedachte dat der wierskynlyk in oar ferhaal oer de Lij te te fertellen west wie as der net de strakkens sa bot oanwêzich west hie. Hy tinkt dat der net mei in pear oeren, sa as de hear Bouma sei, wol in plan wêze kin. Der bliuwe minsken genêch dy't wol meihelpe wolle, dat is wier. Mar de parktyk wiist sa faak in oare kant út. Hy wol dêrom net alles stillizze. Dêr't we mei dwaande binne is faaks foar ferbettering fetber en hy wachtet dêrom graach suggestjes óf. De hear G. Bouma seit dat hy seker wit dat de ferkeap fan'e Lij te net trochgien is omt dêr sprake wie fan in deadline en net fan de regels sa't dy opsteld wiene en dy't in stik mienskips- belang ófdutsen. Hy bliuwt by syn útstel om mei de oanbelang jenden om'e tafel te gean. Him tinkt dat in pear oeren foldwaande binne. De voorzitter denkt dat de heer Bouma niet gelijk heeft. Een aanpak a la Terhorne zou voor Grouw ook een TRAP-rapport betekenen. Als dat wordt voorgesteld heeft hij daar geen bezwaar tegen. De hear G. Bouma seit as it de konklúzje is dat foar Grou ek in TRAP-rapport te meitsjen is hy de léste is dy't dêr tsjin is. Mar foar him is it net in axioma dat as jo net de troch him foarstine wei folgje der automatysk in TRAP-rapport komme moat. 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 28