- 28 - Frou S. Ziilstra seit dat der, neist boaiemtrillings en oare ûntjouwings ek musyk yn Boarnsterhim sit. It like earder wol dat it musykunderwiis der bekaaid ôfkomme soe en dat der eins neat oerbleaun. Fan't simmer hawwe guon minsken heech fan'e toer blaasd en op'e grutte trom slein en dat hat fertuten dien. Der binnen twa gearkomsten west dêr't de plannen fan'e ynisjatyfgroep besprutsen binne mar der is ek frege om oare ideeën. Dêr binne in protte minsken west en der is tige kreatyf tocht. Men is ree dúdlik stâl oan it musykûnderwiis te jaan. Mei de dekking kin har fraksje it iens wêze omt se tinkt dat der aanst in protte minsken gebrûk fan it musykûnderwiis meitsje kinne en dat der safolle mooglik sprieding oer de doarpen komme sil. Wat it musykûnderwiis op'e basisskoallen oanbelanget liket it har wol goed dat der oerlis tusken faklearkrêften en groepslear- krêften komt. Se hopet dat der in warber groepke minsken oan'e slach giet om fan alle plannen ien goed plan te meitsjen. Dat sil noch hiel wat freegje temear omt der mar 139.000,te besteegjen is, dêr't alles, ek ynstrumintenfûns en húsfesting, út betelle wurde moat. De tiid is dêrneist wol koart as yn septimber de musykskoalle al útein sette moat. De gemeente moat dêrom de finger goed oan'e pols halde. Lang om let, har fraksje is tige ynnommen mei dit útstel en is bliid dat der wer musyk sit yn Boarnsterhim. Frou Watzema seit dat wannear't der út de befolking wei safolle belangstelling is en ynisjatyf toand wurdt dan kin de gemeente net achter bliuwe. As wy it musykûnderwiis lizze litte soe dat it ferearming wêze. Musyk is in ûnderdiel fan'e frijtiidsbesteging en as ús bern net yn'e gelegenheid binne musyk te learen dan sille hja letter ek net it ferlet hawwe musyk oan harren bern oer te bringen. Dan sil it musyk beoefenenjen allinne weilein wêze foar bern út in bepaald miljeu. Yn'e Postbus-51-reklame wurdt sein: "er is altijd wel een muziekschool bij u in de buurt". Lit Boarnster him dêrom net in wite flek wurde. De wurkgroep sa as oanjûn yn it útstel moat útein, rekkening- hâldend mei de rênebetingsten dy't steld binne sa as dat der in goede spreiding oer de doarpen komt. De heer SBouma zegt dat nu het voorstel er ligt de o.g.b. nog eens extra te verhogen om daarmee het muziekonderwijs te financieren. Zoals eerder meegedeeld is de V.V.D. voorstander van muziekonderwijs en al bij de behandeling van de voorjaarsnota had zij concrete voorstellen om het muziekonderwijs te laten voortbestaan. Nu moet de V.V.D. tot haar spijt constateren dat de middelen opgebracht moeten worden door een o.g.b. verhoging. Tijdens de behandeling in de tweede en derde afdeling bleek overigens dat alle fracties hier moeite mee hadden. Hij citeert uit een verslag van een tweede afdelingsvergadering: "De leden van de afdeling blijven het desondanks geen goede zaak vinden dat dit zo wordt gepresenteerd". 0052V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 30