w GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 17 november 1988 om 9.30 uur in het gemeentehuis te Grouw. -o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o- Aanwezig; de dames D.J. Aukes-Huizinga, A.I. Bloem (wethouder), A. Faber-Mintjes, T. Watzema-de Leeuw, S. Zijlstra en A. Zijlstra-de Vries en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, G. Bouma, S. Bouma, A. Breeuwsma (wethou der), Y. Dotinga, A. Nieuwdam, R.C. Poppen (wethouder), P.M. Renia en E. Volberda. Voorzitter: de heer B.G. Holtrop. Secretarisde heer P.H. Starreveld. -o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o- De voorzitter opent de vergadering en heet allen hartelijk welkom. Hij stelt aan de orde agendapunt: 1. Mededelingen. De mededeling wordt voor kennisgeving aangenomen. 2Gelegenheid tot het houden van algemene beschouwingen. De voorzitter geeft het woord aan mevrouw Faber. Frou Faber seit it folgjende: Foarsitter, oanwêzigen, Al wer in jier om, al wer in begruttingsgearkomste. Ik ha it gefoel as is it noch mar in hoartsje lyn, dat wy troch de soarchlike finansjele posysje fan ús gemeente linen útstet ha nei de takomst om út dizze benearje situaasje te kommen. Troch under oare de behanneling fan de foarjiersnota, it troch- ljochtsjen fanit grûnbedriuw, de finansjele gefolgen fan de fúzje fan it gemeentlik gasbedriuw, it fêststellen fan it kredyt foar doarpsfernijing en de neikommen maatregels fan it ryk, ha ik it gefoel dat wy it hiele jier dwaande west hawwe mei de begrutting '88 en de kommende jierren. Dêrneist binne der ôfspraken makke oer in adekwate begruttings- dissipline en middels in regelmjittige rapportaasje de kredyt- bewaking yn'e hân te hâlden. F ander tink ik it gefoel, al wer in begruttingsbehanneling. De oanbiedingsbrief jowt de feitlike finansjele posysje oan troch in gearfetsjen fan de hjoeddeiske situaasje. Sa stean wy der finansjeel foar, net mear en net minder. Dit is de realiteit fan dit momint, foar safier bekind. Lokkich hawwe wy no de goedkarring fan de begrutting 1988. De fraksje wol yn har skôgings mar koart stil stean by ús finan sjele posysje, om't der yn it ôfrune jier al in protte oer sein is. Sy wol yn har skôgings de klam lizze op de takomst en de diskusje oanswingelje oer de kommende wei fan Boarnsterhim. 0052V 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 3