- 7 - Dy proseduere is yn in bulte opsichten net ferrûn sa't it heart en dat is foar alle belutsenen in kwealike saak. Wêr is it fer- keard gong? Sy tinkt alhiel yn it begjin doe't der op 17 okto ber in brief út Raerd kaam út namme fan de meisizzenskipsrie dêr't mei klam yn frege waard om in eksterne proseduere. Hie it kolleezje doe net sa wiis wêze moatten om de saak om te goaien? De ûnrêst, dy't no ûntstien is, kin net goed wêze foar it ûnderwiis. Mar it is noch net te let en se wit dat oaren hat miening diele. 95% fan'e êlden wol itselde as wat har fraksje wol en der is ek stipe foar fan oare riedsleden, seis fan'e P.v.d.A. Se wolle allegeare dat it folge beneamingsbelied noch- ris kritysk beskôge wurdt. Der is, hat se begrepen, de mooglik- heid dat der in tydlike ferfanger komt op'e skoalle. Fanwêr dan dy haast? Frou S. Ziilstra seit dat har fraksje der gjin ferlet fan hat it amindemint te stypjen. De hear Dotinga stipet it amindemint al. Wethalder Bloem seit dat it healwei septimber dúdlik waard dat der in fakatuere kaam oan'e skoalle yn Raerd. Op dat momint is de M.R. ynljochte oer it belied oangeande sollisitaasjes. Sjoen it algemiene belied ten oansjen fan sollisitaasjes wie ek dêr de folchoarder ynterne proseduere, dêrnei eventueel in eksterne proseduere. Dy ynformaasje is al hiel gau nei Raerd tagien om de minsken op'e hichte te stellen hoe't it om en ta gean soe. Op 10 oktober hat der in petear west mei de sollisitaasje- kommisje dêr't oer in profylskets praten is. Ek dêr is dúdlik makke hoe't de proseduere wêze soe. It brief fan 17 oktober wie krekt te let omt doe de fakatuere al pleatst wie yn'e skoallen yn ús gemeente en de saak dus al yn gong setten wie. Foar 2 novimber wie der al in Sfspraak om de sollisitaasjebrieven te besjen. Op 2 novimber die bliken dat der twa brieven binnenkaam wiene. Dêr is goed praten oer de ferskillen fan opfetting oer in ynterne as eksterne proseduere. Uteinlik is besletten de 2 minsken út te noegjen. Op 14 novimber is der mei de sollisi- tanten praten. Dêr wie ek de ynspekteur by oanwêzich. Ut dy gesprekken en de besites dy't brocht binne is in foardracht kaam. De nûmers 1 en 2 binnen toch it kolleezje opsteld op oan- befeling fan'e sollisitaasjekommisje. Dizze folchoarder is mei- dield oan'e kandidaten wêrop nûmer 2 him weromluts. Yn'e petearen wie ek dúdlik dat men bysûnder ynnommen wie mei nûmer 1. Benammen de twa leden fan'e M.R. dy't yn'e sollisitaasje- kommisje sieten. Dêrnei is yn Raerd de diskusje op gong brocht. As jo no foar in ynterne as eksterne porseduere binne stiet los fan it feit dat de proseduere sa't dy yn dit gefal ferrûn is hiel soarchfêldich wie. De rie beslist úteinlik. De M.R. spilet dêr hiel útdrukke- lik in rol. De M.R. hat dy rol ek spile en dat is foar it kol leezje de reden dat it útstel hanthavene wurdt. It is hiel wichtich om nei alle belutsenen út it ûnderwiis nochris fan gedachten te wikseljen oer wat der eins ferwachte wurdt fan in beneamingsproseduere. It is better dy diskusje los fan dizze spesifike sitewaasje te halden en dat is it kolleezje dan ek perfoarst fan doel. Frou Watzema kin noch net begripe wêrom as der in ynterne pro seduere folge is as der mar 2 brieven ynkomme. It brief fan 17 oktober wie neffens har net te let omt earst op 2 novimber in petear mei de kandidaten plakfûn hat. 0053V 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 46