- 9 - Op mevrouw J. Koot-de Vries zijn 10 stemmen uitgebracht; er waren 7 blanco stembiljetten. De voorzitter constateert dat daarmee mevrouw J. Koot-de Vries is benoemd als direkteur van "It Raerderhiem" in Rauwerd. Hij hoopt dat/ nu deze beslissing is gevallen, iedereen zich con structief zal opstellen om te komen tot een samenwerking die in het belang van school en dorp is. Hij schorst hierna om 21.35 uur de vergadering voor een korte pauze. De voorzitter heropent de vergadering om 21.50 uur en stelt aan de orde agendapunt: 14. Voorstel tot wijziging van de I.Z.A.-regeling Friesland, in verband met de invoering van een nominale premie. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15. Voorstel tot wijziging van de Legesverordenina. Idem. 16Voorstel tot het vaststellen van een verordening op de heffing en invordering van een rioolrecht. De voorzitter verzoekt de nadere brief van het college en de brief van het F.N.V. bij de discussie te betrekken. De hear G. Bouma seit dat it hjir giet om in tige yngripend útstel. In jier lyn by de begruttingsgearkomste is it fiat al jûn oan it prinsipe fan in slutend finansieringssysteem omt it glêd ferkeard giet mei ús rioalen. De ûnderhâldstastân is poer min mei as gefolch dat ûnder oaren it miljeu skeind wurdt. Wachtsje we noch langer dan binne de kosten noch heger en de neidielige gefolgen noch grutter. Op dit stuit kin 300.000, fanút de û.g.b. oan'e rioalen bes'tege wurde. Dat bliuwt sa, mar der wurdt tagelyk ek keazen foar in goede oanpak en syn fraksje kin der alhiel mei ynstimme. Syn fraksje fynt dat der troch dizze rioalheffing in grutte lestenferheging foar de ynwenners oankomt. De F.N.V. freget der terjochte omtinken foar. It docht sear, dizze grutte yngreep. Dat hy dochs mei it útstel ynstimt komt trochdat a. de needsaak mear dan oanwêzich is en b. hy de kop net yn it sân stekke wol. It docht him goed dat yn'e ôfdieling de grutst mooglike mear- derheid fan'e rie ta dyselde konklúzje kaam. Hy kin ynstimme mei de kar om de gebrûker oan te slaan, benammen omt op dy wize it kwijtscheldingsbelied fan tapassing is. Tagelikertiid wurdt sa in bytsje rjocht dien oan "de vervuiler betaalt". De kar foar fêstrjocht leit derby it meast foar de han omt sa de ynfoarderingskosten it leechst binne en boppedat de opsplitsing dy't oars tocht wurde kin tusken wetterferbrûk of û.g.b. as grûnslach te neamen ta marginale ferskillen liede sille mei wol hege persepjekosten. It kolleezje jout oan dat wenskippen en caravans neier yn'e belesting belutsen wurde moatte lykas rekreaasjebedriuwen. Syn fraksje fynt dit fan it grutste belang. Yn'e twadde ôfdieling is tasein dat neier ynsjoch jûn wurde soe yn de opbringst dy't de foarstelde differinsjaasje op grûn fan it wetterferbrûk mei him meibringe sil. Yn it útstel wurdt al- linne mar praat oer 200 bedriuwen dy't foar 125,oanslein wurde sille. 0053V 23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 48