- 2 - De finansjele sitewaasie. De begrutting fan 1989 is slutend. De begruttingsposys je is min. In algemiene reserve ûntbrekt. It belied is der op rjochte dizze reserve wer op te bouwen. De haaddoelstelling fan it kolleezje is om dizze finansjele posysje te ferbetterjen. Hja stelle derby in tal subdoelen en rêne betingsten. As fraksje ünderskriuwe wy de haaddoelstelling sa as dy fêstlein is yn it kolleezjewurkplan. Ek de subdoelen en de rânebetingsten kinne wy ünderskriuwe. Hooplik is it tredde doel, dat der gjin nij belied mooglik is as der gjin finansjele romte komt, rom foar 1992 ta it ferline. Wy sjogge út nei in oersjoch fan de personielsformaasje yn fer- hâlding ta it gemeentlik takenpakket. In oersjoch fan de plan ning jowt ús dêr ein desimber hooplik mear dúdlikheid oer, wannear wy dat ferwachtsje kinne. By de foarjiersnota binne dêr ofspraken makke oer in goede kredytbewaking. De rie is doe tasein om it fearnsjier in gear- hingjend oersicht te krijen fan de finansjele posysje fan de gemeente. Dizze sifers soenen behannele wurde yn de 2e Sf- dieling. Oant no ta misse wy dit oersjoch. Om as rie in goede kontrôle út te oef en jen, moat ús ark yn'e hannen jûn wurde. Noch dizze moanne beprate wy it stik "Het beleidsen beheersinstru mentarium voor uw gemeente". Ek dêrút kinne wy faaks in goed hâldfêst helje. Mei it each op ús finansjele posysje is al earder de fraach nei foaren kaam, oft it net in goede saak wêze soe om ús gemeentlike finansjes by ien bank únder te bringen. De fraksje soe dizze diskusje noch ris fiere wolle oan de hân fan in stik, wêrby de foaren neidielen op in rychje setten binne. Wurkaeleaenheid. De wurkgelegenheiâ yn ús gemeente hat it of rune jier under grutte druk stien. Het gemeentebestjoer hat syn úterste best dien de kar foar A-lokaasje yn de molkeproduktensektor yn it foardiel fan Wergea útfallen te litten. Spitigernoch is dat net slagge. Hooplik kin troch it oanlûken fan it flessegebrûk de skea yn de wurkgelegenheid yn Wergea beheind wurde. De wurkleazenspersentaasjes binne wat geunstiger, dat wol sizze 19% totaal, wêrfan 18% manlju en 27% froulju. De fraksje is ynnommen mei de brede oanpak fan de "Tijdelijke Voorziening gemeentelijke Werkgelegenheidsinitiatieven" (T.V.J.) Yn it begjin wiene dêr wat tûkelteammen, mar no is it goed fan opset en jowt it plak oan 15 jongeren. It is in goede saak ûnderfining op te dwaan yn in wurksitewaasje, alhoewol't de kar yn mooglikheden beheind is. Troch it ryksbelied, dat allinich in plak socht wurde mei by "non profit ynstellings", kin it bedriuwslibben net ynskeakele wurde. In spitige saak. Troch wurkerfaring en oanslutende opliedingen kinne de kansen op in fêste baan grutter wurde. Begelieding by it sykjen nei in baan is fan grut belang, om teloarstelling sa folie mooglik te foarkommen. In goede gear- wurking mei it arbeidsburo is dêrby wichtich. Meiwurking fan it bedriuwslibben út de gemeente kin fan it grutste belang wêze. De gemeente sil aktief meiwurkje moatte plakken te finen foar dizze motivearre jonge minsken. 0052V 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 4