- 3 - Iepenloftrekreaasie. Yn'e oanbiedingsbrief jowt it kolleezje har belied wer oangeande de iepen-loft-rekreaasje. Sy wol de posysje fan de gemeente as rekreaasje-ûndernimmer tebek bringe en by ynvestearrings yn rekreatieve foarsjennings is foar de gemeente gjin belangrike rol wei lein. Har bydrage sil bestean út "voorwaarde scheppend" belied, it skeppen fan goede betinskten. De fraksje ûnderskriuwt dit beleid, sjoen ús finansjele posysje. By it gearstellen fan it "Trap-Terherne" rapport hat de gemeente op dizze wize al dwaande west en yn it aksjeplan is har rol dúdlik "voorwaarde" skeppend wêrjun. Oerheid, bedriuwslibben en partikuliere organisaasjes kinne neist inoar aktief wêze, mar dêrneist kinne der ferskate mingelingen ûntstean. De taakferdieling kin ûnhelder wurde. It kolleezje hat oangeande de rol fan de gemeente in útgongspunt fêststeld. De fraksje seach dit útgongspunt graach neier útwurke. Wat wurdt dêr under dizze betingsten rekkene. Wolle wy bygelyks wol finan- sjeel garant stean? Wolle wy de karre lûke? De fraksje fynt, dat de gemeente har rol rom sjen moat en aktief meiwurket oan it skeppen fan goede betingsten. It bedriuwslibben hat faaks ûndernimmersgeast en saakkundigens, de partikuliere organisaasjes kinne de fraach fan de gebrûker it beste, de gemeente hat in stikje macht op planologysk gebiet en kin aller hande wichtige yngongen nei hegere oerheden. Foar it slagjen fan in goede rekreatieve ûntjouwing binne alle trije nedich. Nei de takomst ta. Fjirde nota romtlike oardening. Yn de fierde nota romtlike oardening, komt Fryslân, it plattelên der min foar wei. It omtinken is iensidich rjochte op de ranestêd as ekonomyske kearnzêne. Dúdlik is, dat troch dizze ûntjouwing de ferskillen yn ús lên grutter wurde. De besteande finansjele middels sille nei ekonomysk sterke gebieten gean. Dat betsjut in ferleging fan de middels nei gebieten mei in minder sterke groeikrêft, wêrfan Fryslân ien is. De nota sinjalearret in hege stigende wurkleazens mar ferbynt der gjin belied oan, om dêr ferbettering yn te krijen. In lytse groei yn de wurkgelegenheid, in foars wurkoanbod, it fuortlûken fan de beropsbefolking en dêrtroch in ûnlykwichtige opbou fan ús ynwenners Yn de fierde nota moat Fryslân it ha fan de rekreaasje, lênbou en de natoer. Jo kinne op jo klompen oanfiele, dat dit ekonomysk min foar ús útpakt. Gruttere wolfeartsferskillen en dêrtroch in dieling yn ús maatskippij. It útgongspunt^ doelmjittige fer- dieling en solidariteit binne dêrby, nei jierren, ferlitten. Dizze üntjouwing sil ek gefolgen ha foar ús gemeente yn de takomst. It milieu. Yn de troanrede wurde mei wissichheid nei foaren brocht: "Het land is de afgelopen jaren schoner geworden". Foarsitter, it is de minsken noch net opfallen. Mei lilkens is der reagearre troch it hiele lên. Wy witte meiinoar duvelse goed, dat loft, wetter en boaiem rûnom fersmarge binne. Eltse dei wurdt dat dúdliker. 0052V 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 5