- 4 - Foar de P.v.d.A. hat dit miljeuspearpunt in grutte prioriteit. De belêsting, dy't wy eltse dei op'e nei lizze op ús mil jeu, komt ús yn de takomst djoer te stean. Yn de útfiering fan in goed miljeubelied hat de gemeente in grutte rol, bygelyks troch skieden ynsammeljen fan ôffal, boaiemsanearring, tasjoch op de útfiering fan de hinderwet, behear fan riolearringen. Troch it ryk is oankundige, dat der mear tasjoen wurde sil op de útfiering en kontrôle fan it gemeentlik miljeubelied. Jierliks sil der in rapportaazje frege wurde. Wy sille mear preventyf wurkje moatte. Ut solidariteit mei ús takomstige generaasje sille wy ree wêze moatte, der wat oan te dwaan en de kosten dêrfoar te dragen. Om loft, boaiem en wetter wer skjin te krijen, sil der mear jild beskikber komme moatte fan it ryk. As gemeente kinne wy dit allinich net oan. Foarútstribjende minsken binne hiel behâldend as it giet om ús miljeu. It sil in protte fan ús freegje vn de takomst. Ferarizina. Der fynt in fergrizing pleats yn ús maatskippij. Der komme mear alderen by en trochsneed âlderdom wurdt heger. It wurdt ek wol dûbele fergrizing neamt. Dêrneist wolle mear alderen sa lang mooglik op harren seis bliuwe of wurde troch de omstannigheden der ta twongen. De opname-kapasiteit fan fersoargings- en âldereinhuzen wurdt foars wêrom brocht. Dudlik is, dat dizze ûntjouwing gefolgen ha moat foar it gemeentlik belied. Wy binne dwaande nei te gean, wat foar gefolgen it hat foar ús âldere ynwenners. Tekenjend foar in maatskippij is, op hokker wize sy omgiet en soarget foar har alderen. In taak foar yn de takomst. Privatisearrina. Faaks twongen troch de £inansjele omstannichheden is de diskusje run in oerheid, dy't him werom lukt, oeral op gong kommen. Ek yn ús gemeente is der hjir en der privatisearring fan eardere gemeentlike taken op it aljmemint kommen. Stjoere wy der op oan minder rendabele taken te privatisearjen of besykje wy it rindemint te ferbetterjen. By wat foar saken hâldt de gemeente tafersjoch op de útfiering. Wa stiet yn foar kwaliteit. Wêrby lukt de gemeente de karre. De ynwenner siket in goede oplossing foar syn problemen. Op hokker wize kin dat it beste? In diskusje, dy't wy fiere moatte mei it each op de takomst. Yndividualisearring. Der is yn ús maatskippij in ûntjouwing geande, werby útgongen wurdt fan de selsstannigens fan in minske, fan in yndividu. Der wurdt vinder oare yn de takomst net mear útgongen fan in ekono- myske ienheid fan in gesin, mar fan in persoan. Mei yngong fan 1 jannewaris 1990 is it ryksbeleid der op rjochte, dat minsken fanôf harren achttjinde jier foar it fierdere libben ekonomysk selsstannich binne. Dit hat fiergeande gefolgen foar ús maat skippij. Om dit belied stal te jaan sille der mooglikheden oan- jûn wurde moatte oer berne-opfang, oerbliuwen op skoalle ensf. 0052V 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 6