GEMEENTE BOARNSTERHIM 9. Utstel ta it op 'e nij fêststellen fan it budzjet 1989 foar it subsidiearjen fan wenkonsuminte- organisaasjes Oan de gemeenteried. Grou, 6 jannewaris 1989. Neffens kêst 2 fan 'e dielsubsydzje-oardering wenkonsuminte- organisaasjes beslút jimme ried alle jierren ta it fêststellen fan it beskikbere bedrach foar it subsidiearjen fan wenkonsuminte- organisaasjes. Yn jimme gearkomste fan 15 novimber lêstlyn hawwe jimme it bedrach foar 1989 fêststeld op 14.308, Troch it Ministearje fan Folkshúsfesting, Romtlike Oardering en Miljeubehear is oer 1988 noch in bedrach takend fan 7.684, Om't dat yn 1988 net mear bestege wurde kin, moat dat - sil it net ferlern gean - oerboekt wurde nei 1989. Op grûn fan it boppesteande kin it bedrach foar it subsidiear jen fan wenkonsuminte-organisaasjes yn 1989 fêststeld wurde op 21.992, In ûntwerp-riedsbeslút leit by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0053V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 73