w 20. Utstel om kredyt beskikber te stellen £oar learmiddels iepen- biere basisskoalle Raerd. GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried. Grou, 6 jannewaris 1989. Fan de direkteur fan de iepenbiere basisskoalle It Raerderhiem yn Raerd hawwe wy it fersyk krigen om in kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan learmiddels foar de groepen sân en acht. It oantal jierren tebek wie der in fikse taname fan it oantal learlingen yn groep trije. It gyng om in echte útsjitter. Gewoan- wei sitte der run 10 12 learlingen yn in groep. Yn 1985 kamen der lykwols hast 20 bern yn groep tri je. Op dat stuit wiene der net foldwaande learmiddels foar alle learlingen, sadat der oanfoljend materiaal oanskaft wurde moast. Dêrfoar is by riedsbeslút fan 16 april 1985 in kredyt beskikber steld foar ekstra learmiddels foar de kombinaasjegroep trije/fjouwer en letter ek foar groep fiif/seis (riedsbeslút 17 maart 1987). De grutte groep fan 1985 komt takommend skoaljier yn groep sân, sadat foar de kombinearre groep sân/acht ekstra learmiddels oanskaft wurde moatte. Troch de direkteur fan de skoalle is in oersicht makke fan saken dy't takommend skoaljier nedich wêze sille. Foar it oanskaffen fan de ekstra learmiddels is in bedrach fan sawat 2.825,ynklusyf de b.t.w. muoid. De materialen dy't oanskaft wurde foldogge oan it begrip "normale easken". Wy stelle jim ried dan ek út foar ekstra learmiddels in kredyt beskikber te stellen fan 2.825,ynklusyf de b.t.w. Dat bedrach kin betelle wurde troch it learmiddelbudzjet 1989 te ferheegjen mei 2.825,te beteljen út de technyske reserve foar it iepenbier basisunderwiis. Wannear't in groep mei minder as 6/10 formaasjeplak tanimt (18 bern), dan fergoedet it Ryk net de kosten foar it oantúgjen fan ekstra lear-, helpmiddels en meubilêr. Dy ekstra kosten bliuwe dus foar it foechhawwend gesach. Boargemaster en wethâlder fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0053V 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 89