- 9 - De hear Volberda fynt it spitich dat it útstel yn dizze foarm oan'e rie tastjoerd is. Hy hie leaver sjoen dat stâl jûn wie oan'e eastlike rânewei mar de wâl keart it skip en we moatte dan ek net mei de blynkape oprinne. It midden-trasee liket syn fraksje net de oplossing. It ferkear bliuwt dan noch fiersten te ticht op'e huzen en foar de bewen- ners dêr hat de gemeente ek ferantwurdlikens. De finansjele lesten foar de eastlike rênewei binne te grut sadat der mar ien kar oerbliuwt: de westlike rênewei. Syn fraksje stiet der wol op dat der in optimale gearwurking komt met de boeren dy't te krijen hawwe mei dizze rênewei. Wethâlder Breeuwsma seit dat hy mei guon dingen dy't sein binne tige wiis is. De hear Nieuwdam is syn petaer begûn mei te sizzen dat der al jierrenlang praat is oer in oplossing fan'e ferkears- problematyk Jirnsum en dat it no echt tiid is dat der trochtaast wurdt en hy is it dêr mei iens. It is moai dat der besluten nom- men wurde mar jo dogge der net safolle mei as se net realisearre wurde kinne. Nei jierren dêrmei dwaande west te hawwen hawwe we no dan dochs gelok hên. No kin der wat dien wurde yn Jirnsum. It hat foar it kolleezje in hiele oerwaging west oft der troch- gien wurde koe mei de eastlike rênewei. Der is úteinlik foar keazen oan'e gong te gean met de tarieding fan in útstel sa as dat jûn oan'e oarder is. De eastlike rênewei hie wol foardielen mar der bliuwt altiten in gat yn'e begrutting fan oardel miljoen foar de brêge. Hy hjat wol wurdearring foar de minsken út Jirnsum West dy't alle war dien hawwe om oan te toanen dat in eastlike rênewei wol mooglik wêze soe. Hy begrypt net goed wat de hear Van der Baan bedoelt mei it "Winsum-effekt"It iennichste wat hy der fan wit is dat de kosten dêrfoar te leech oanhêlden wiene en dêr hat hy wat Jirn sum oanbelanget gjin ferlet fan. It kolleezje is dêrom o sa lokkich dat der in berekkening is dy't goed ûnderboud en trochrekkene is. Om in sa grut mooglike sekerheid te krijen is de berekkening fan'e deskundigen fan'e groep Jirnsum West troch in kultuermaatskippij neirekkene. De sifers binne ferlike mei dy foar de rênewei west. Uteinlik die bliken dat it ferskil bleau. Der binne trije saken wêrom as it kolleezje it útstel fan'e groep Jirnsum West net oernimt. As earste omt net seker is oft de eastlike rênewei. sa't de berek- keningen fan'e groep Jirnsum West binne. fan itselde nivo is as de westlike rênewei. Mei it legere ûnderhâldsbudzjet sa't Jirnsum West dat útstelt kin it kolleezje net akkoart gean likemin as mei it útstel om de doarpsfernijing dan mar stadiger út te fieren. Hy is bliid dat it bliken docht dat in grut part fan'e rie it útstel stipet. It kolleezje hat besocht de problematyk sa rom en breed mooglik te besjen. It fernuvert him wol dat de hear Van der Baan him noch nea dêroer útlitten hat dat hy tsjin dit útstel is. Dat de hear Bouma ek tsjin it útstel wêze soe hie hy net tocht, krekt omt de hear Bouma oars nochal op syn finansjele strepen stiet. De heer S. Bouma zegt dat we het in ieder geval over één ding eens zijn, namelijk dat er een oplossing voor Jirnsum moet komen. Het feit dat de wethouder pas nu met de drie conclusies ten aanzien van de plannen van de groep Jirnsum West komt geeft hem wel te denken. De verdediging van de eigen cijfers van het college heeft hij gemist. Veel dingen bleven in het ongewisse. 0059V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 12