- 10 - Dat he&ft wel geleid tot reacties uit de bevolking. De groep Jirnsum West is met goed onderbouwde voorstellen gekomen. Hij denkt dat de verschillende opzetten praktisch om het even zijn. Hij kiest voor de oostelijke randweg omdat hij ervan overtuigd is dat het financieel best haalbaar is. Op de argumenten tegen de westelijke randweg die hij in eerste instantie heeft genoemd, is de wethouder niet eens ingegaan. Door de sportvelden en de camping naar het oosten te verplaatsen ontkomt het college er vroeg of laat niet aan daar ook een weg aan te leggen en zo langzamerhand ontstaat er dan ook een oostelijke randweg. Hij heeft het gevoel dat het college de zinnen heeft gezet op een westelijke randweg en financieel is dat niet goed onderbouwd. De hear Van der Baan sitearret de notulen fan'e riedsgearkomste fan 21 juny 1987. Doe hat hy sein dat it him sa klear as in klontsje liket dat it kolleezje neat oars wol as in westelike rânewei en hy hat doe sein dat hy der poer op tsjin is. Syn stânpunt stie doe al fêst en hy hat op'e leste ofdielingsgear- komste ek noch sein dat hy foar in eastlike rânewei is. Undúd- likens fan syn kant hat der nea west. Syn fraksje jout ta dat de eastlike rânewei djoerder is mar der stiet tsjinoer dat der by in westlike rânewei jild oerbliuwt en dat is in polityk dy't him net oanstiet. Jirnsum moat datjinge hawwe dêr't se rjocht op hawwe en net minder. It jout jo de yndruk dat der jild oerbliuwe moat en dat is in ferkearde saak. Hy hat met it "Winsum-effekt" bedoeld te sizzen dat it wolris op in fiasko útrinne kin. De hear Nieuwdam stelt hiel dúdlik dat syn fraksje de ferant- wurdlikheid hat oangeande it riedsútstel en de finansjele opset- ten dy't dêr by hearre. De V.V.D.-fraksje hat gjin twifel oer de finansjele opset fan'e groep Jirnsum West. Syn fraksje hat dat wol en seit dêrom, sa as op'e Wâldwei stiet: "by twifel net ynhelje". De strukturele kosten foar de brêge soene elts jier op'e begrut- ting stean en dat is in post dy't yn elts gefal 20 jier fêst- stiet. Ien kear moat it sa wêze dat der in beslút nommen wurdt. De leste dagen fûn hy hiel faak wat yn'e brievebus en dat is op himsels hiel posityf mar dat kin net altiten sa trochgean. Noch wol in hiele protte deskundigen soene der oer gear kinne mar dat soe ynhâlde kinne dat der krekt sa as yn it Legerhûs yn Ingelân salang praat wurdt dat der by eintsje beslút hielendal neat bart en dat moat perfoarst net. Hy hat him ek fernuvere oer de opmerking fan de F.N.P. oer it "Winsum-effekt". Der is krekt de leste tiid in hiele protte oan Winsum tocht. Hy hat noch gjin antwurd krigen fan it kolleezje oangeande guon fragen. De hear Volberda seit dat we ús eigen deskundigen yn dizzen net ferjitte moat te, dy't in hiel protte dien hawwe. De rie soe oan dy sifers net twifelje moatte. Wethâlder Breeuwsma kin net begripe dat de hear Bouma nei safolle sifermateriaal, dat it hast liket dat it oerstallich is, seit dat it kolleezje in bepaalde kant oprekkenje wol. Hy fynt dat net in goede opstelling fan'e V.V.D. Hy ferwachtet wol dat de fraksje fan'e V.V.D. like bliid as alle oaren is mei in oplossing foar Jirnsum. 0059V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 13