- 13 - Het college zou zich sterk moeten maken om te laten zien dat het hen werkelijk menens is met de Friese taal en de V.V.D.-fractie verwacht dan ook niet anders dan dat het college zich dit reali seert en opnieuw een afweging maakt ten gunste van een subsidie aan de kommisje Sprutsen Frysk Boek. Hoe groot de bijdrage zou moeten zijn moet het college zelf maar uitmaken. De hear Dotinaa is it der wol mei iens dat der in subsydzje jûn wurdt Hy freget oft der in pots je is dêr't dit wurk út betelle wurde kin. Wethâlder Bloem seit dat dit net de earste kear is dat der sub- sydzje-oanfragen binnen komme. Meastal wurde ditsoarte oanfragen by de begruttingsbehanneling ôfdien. Se lizze meastentiids buten de gemeentlike ferantwurdlikheid. It is net terjochte om te sizzen oft it doel al as net goed is, der giet it it kolleezje net om. Se tinkt dat ek de kommissje Sprutsen Frysk Boek hiel goed wurk docht. It giet om it feit dat it om in boppe-gemeentlike ferantwurdlikheid giet. Dat is ek wol te ferklearjen omt der al in stevige subsydzje troch de Pro- vinsje jûn wurdt. Ek dêrom is it advys fan de F.F.G. sa west. It kolleezje stiet dêr achter. It útstel is wol deeglik net in gelegenheidskwestje sa as de heer Van der Baan dat seit. De line dy't it kolleezje al in hiel skoft lukt wurdt mei dit útstel trochlutsen. Nei de hear Dotinga ta seit se dat der oare subsidiënten binne en dat it draaien fan it wurk fan'e kommisje net ôfhinklik is fan in gemeentlike bydrage. Mevrouw Aukes vindt dat de wethouder het nu echt over laat aan andere subsidiegevers. Ze weet zeker dat er in onze gemeente gebruikers zijn en ze vindt dat we moeten laten zien dat het ons menens is. Het college wijkt wel vaker af van gestelde regels al weet ze zo niet een concreet voorbeeld te noemen. Het college zou op zijn minst een kleine bijdrage als geste kunnen doen zo als ook de heer Van der Baan wil. De hear Van der Baan fernuvert him oer it antwurd fan de wet- hâlder. Hy hat in oar idee oer wat in gemeente is. In gemeente is in mienskip fan minsken. De rie jout dêr mei oaren stâl en rjochting oan. De belangen fan allerhanne minsken moatte beher- tige wurde. De groep dêr't jûn oer prate wurdt soe net direkt op ús flak lizze om te helpen seit de wethâlder. Hy skrikt dêrfan omt hy mient dat krekt yn ús gemeente it gefoel foar oare minsken dochs sterker oanwêzich wêze moatte soe. Hy fynt it ek frjemd dat der sein wurdt dat der wol oare ynstênsjes binne dy't dy minsken helpe. Mar it doch bliken dat dat net fol- dwaande is en dêrom komme se by ús. Hy bliuwt fan betinken dat de argumintaasje fan it kolleezje net doocht en stelt dêrom út in bydrage oan de kommisje Sprutsen Frysk Boek te jaan. De hear Dotinaa stipet dit útstel. De hear Renia seit dat rige arguminten dy't troch de hear Van der Baan en frou Aukes oandrûgen binne ek foar in hiel soad oare dingen jilde op it mêd fan help oan'e handikapten as stipe oan it Frysk. Hy fynt dat der wol in line lutsen wurde moat omt oars de ein der fan wei wêze soe. By de start fan Boarnsterhim is der in line lutsen en der moatte we ús eins wol oan hélde om te foaren te kommen dat we aanst wer in bosk subsydzjes hawwe en we moatte fansels ek op'e beurs passé. Hy seit net dat hy it ynhâldlik net in goede saak fynt wat de kommisje docht. De beide saken dy't hjiryn ferflochten binne geane him beide oan it hert. 0059V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 16