- 16 - It hat doe âúâlik de bedoeling west yndustrygebieten en wenge- bieten útelkoar te lûken. Mei in wiziging fan it bestimmingsplan sa as de oanfreger wol fynt der slûpendewiis in ferminging plak fan dy beide bestimmingen. As der in wiziging tastien wurde soe soene we de hynders achter de wein spanne. It kolleezje wol graach safolle mooglik de bedriuwen de romte jaan dy't se nedich hawwe mar dat kin net yn dit gefal om de earder troch him neamde reden. Dêrneist moatte de boargers der ek op betrouwe kinne dat yn it foarste plak oan it bestmmmingsplan fêsthâlden wurdt. De hear G. Bouma hat it idee dat wethâlder Breeuwsma tinkt dat syn fraksje tsjin it útstel is. Mar der tsjut syn fraksje net op. It giet harren om it yntakt hâlden fan'e wenbestimming fan Stasjonswei 38 en om it yntakt litten fan'e sluten wenbebouwing foar safier't der noch sprake fan is. It giet harren om it yn stén halden fan'e wearden fan it bestimmingsplan. It kolleezje seit seis al yn it útstel dat de grutte fan it hiem akseptabel wêze moat. As dan de feitlike sitewaas je der no sa hinne leit dat as der meiwurke wurdt yn de sin sa't hy útstelt, nammentlik dat part fan it hiem in bedriuwsbestimming jaan sadat de bedriuwsfiering sa wêze kin as de oanfreger graach wol, dan fynt der gjin oantaasting plak sa as troch de wethâlder be- skreaun. Op dizze wize soe de hinderlike sitewaasje op'e Stasjonswei fer- line tiid wêze kinne. As sokke arguminten foar alle partijen akseptabel binne is der wol in basis ta de marginale wiziging dy't syn fraksje útstelt. Wethâlder Breeuwsma fynt dat it seis ynteressant wêze soe en besykje dit bedriuw hielendal út dit gebiet wei te heljen om sa de skieding tusken wen- en yndustrygebiet sa as dy oanjûn is yn it bestimmingsplan te befoarderjen. In konsekwinsje fan it net tastean fan in bestimmingsplan- wiziging soe wêze kinne dat de Fa. Kooiker fia it achterterrein in paad siket. In oplossing mei net ten koste gean fan'e bewen- ners fan it wengebiet. Hy is op dit stuit net ree ta konsesjes of it moat de fraach fan'e hear Bouma wêze om yn'e êfdieling nochris te oerlizzen mei de bewenners om ta in kompromis te kommen. Dan soe hy it útstel wol oanhalde wille. De hear G. Bouma seit dat yn beide gefallen de feitlike site waas je net feroarje sil. Om't hy it net yn it belang fan in demokratyske beslútfoarming fynt om steande de gearkomste it hiele útstel oeral te heljen wol hy it in moanne oanhalde. Hy wol dat dêr yn oerlis oer praat wurdt. De voorzitter vindt ook dat overleg met de betrokkenen gewenst is. Hij zegt dat het voorstel een maand wordt aangehouden om via overleg in de vierde afdeling tot een oplossing te komen. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet voor de uitbreiding van de brandweeraaracre te Grou. De hear Renia fynt it spitich dat dit útstel op'e wurklist stiet. Yn desimber 1987 is nei in bulte argewaasje de reorgani- saasje fan'e brânwacht rûnkaam. Doe koe in plan makke wurde dat it mooglik makke dat de ynvestearrings oant 1995 ta feilichsteld wiene. No sitte we fuort al mei in ynvestearring dy't mear kostet dan begrutte. Moatte we dêr no yn meigean is dan de fraach. 0059V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 19