- 18 - De verdere invulling zal dan nog een keer in de afdeling worden besproken. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 22Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de aanleg van een zestal parkeerplaatsen in de Kievitstraat te Grou ter plaatse van de Carel van Roordaschool. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 23. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het vervangen van een val in de brug over de Alde Sânsleat in Ter her ne. Idem. 24. Utstel om in beslút te nimmen op it beswierskrift fan de hear 0. van Gorkum te Reduzum om in bvdrage yn'e kosten fan it skoal- lebuske tussen Idaerd. Friens en Reduzum yn te lûken. De hear Renia wol in oantekening dat hy tsjin it útstel is. De hear Van der Baan is it wol iens mei wat de AROB-kommisje steld hat. Doch kin dêrnjonken in oare reden wêze om te besluten ta it yn stân halden fan it buske. Oan it begjin fan'e jûn is in moasje oannommen oangeande it yn stânhâlden fan'e lytse skoallen op it plattelên. Deryn wurdt ek steld dat it ferfier nei de skoallen ta sa optimaal mooglik wêze moat. Dat strookt net mei wat yn dit útstel stiet. Der mei ek wolris wat ekstra's foar de lytse doarpkes dien wurde en dêr is it skoallebuske in moai foarbyld fan. In lyts doarp kin net alle foarsjennings hawwe mar it kin wol oantreklik makke wurde om foar in doarp as Friens te kiezen. De kealslach fan it plattelân giet dochs wol troch mar de gemeente moat besykje dat te foaren te kommen. As it buske der bliuwt soe dat foar guon minsken de reden wêze om yn Friens te bliuwen of om harren dêr te wenjen te setten. As it buske fuort giet wurdt der in oanslach pleegt op it lytse doarp. Hy giet yn'e pleit foar it ynstênhêlden fan it buske. It bysûndere moat nea ôfmetten wurde oan it algemiene. De ge meente hat as taak dit bysûndere ferskynsel te réden. Wethêlder Bloem seit dat de hear Van der Baan yn feite de dis kusje weromhellet dy't yn juny 1988 west hat. Doe binne alle saken dy't de heer Van der Baan no neamt oan'e oarder steld. Yn'e moasje wurdt net sa sear oer ferfier praat as oer de berik- berheid fan skoallen. De hear Van der Baan seit dat hy no in oar argumint brûkt hat, nammentlik dat we echt wolris wat ekstra's dwaan meie foar in lyts doarp. De hear Renia seit dat hy dit argumint ek al op'e AROB-kommisje- gearkomste sein hat. Alles wie al sein en dêrom woe hysels de diskusje net op'e nij fiere. Dan wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel beslet- ten. De hearen Van der Baan en Renia binne achte tsjinstimd te hawwen. 25. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet ten behoeve van de uitbreiding van de openbare basisschool Master Wielsmaskoalle te Grou. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 0059V 18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 21