- 19 - 26. Utstel om iild beskikber te stellen foar it oanpassen fan en it oantúcrien fan ûnderwiislearmateriaal foar de iepenbiere basis- skoalle De Lege Geaën te Sibrandabuorren. Frou A. Ziilstra seit dat it hat fraksje tige goed docht hjir te sjen op hokker wize we mei ús bern, ek as se in handikap hawwe, omgean kinne. Der is alles foar te sizzen dat in bern yn syn eigen omjouwing nei skoalle gean kin. Dêrnei wurdt sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming nef- fens it utstel besletten. 27. Voorstel tot aanschaf van een personal computer ten behoeve van de administratie van de Carel van Roordaschool te Grou. Frou S. Ziilstra seit dat it bliken docht dat der hjir in oare kompjoeter oanskaft wurde sil as lêstendeis yn Akkrum oanskaft is. Goed oerlis is tige wichtig om't yn'e gearwurking tusken beide skoallen de kompjoeters eins wol opinoar oansluten wurde moatte kinne. Wethâlder Bloem seit dat it har ek in goede saak taliket as ien en oar op elkoar oanslút. Se hat begrepen dat der al ferskate kontakten binne en se sil ris neigean wêr't de problemen krekt lizze en oft der ek in mouw oan te passen is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 28Voorstel tot het overdragen van de gemeente li-ike kleedaccommoda ties. De hear G. Bouma seit dat dit yn feite in hiel yngripend utstel is. Dat it utstel op himsels nei dizze riedsgearkomste ta gjin mear oandacht krigen hat hat alles te krijen mei de lange tariedings- tiid. Fanôf it begjin fan Boarnsterhim binne tal fan foarsjennings op elkoar ôfstimd. Fanút it lykberjochtigingsbegjinsels foar alle ynwenners komt no dan de sport oan bar. It is spitich dat we der mei it oannimmen fan it útstel noch net binne. Dat is in like hurde realiteit as dat it ús spyt dat de sportfoarsjennings net sa oerdrûgen wurde kinne as eins moatte soe. Der moat nochal hiel wat kreativiteit oan te pas komme om ek yn Aldeboarn en Akkrum in foarsjenning te krijen dy't besjen li je kin en wêr't men mei út'e fuotten kin. Tagelikertiid stelt hy fêst dat der al gans wat mear mooglik blykt te wezen as wat yn'e earste ynstânsje tocht waard. Hy hat dan ek goede moed dat men benammen yn Akkrum it kommende jier brûke sil om ien stichting foar alle ferienings te kreëarjen. Yn Aldeboarn is men lokkich in stap fieder en hy kin dan ek yn- stimme mei it útstel om it jild earst in jier te reservearjen. Wethâlder Faber ûnderskriuwt de wurden fan de hear Bouma. Se is bliid dat we út'e ûngelikense sitewaasje fan'e trije âlde ge meenten weikomme. Der binnen noch wol wat tûkelteammen en we sille dêrom de tuskenlizzende tiid, oant de goedkarring fan Deputearre Steaten, brûke moatte om it oerlis wer op'e gong te helpen en sa besykje ek yn Akkrum sa'n sitewaasje te kreëarjen dat de Sportstichting de foarsjennings oernimt. Aldeboarn is al in stap fierder. De Sportstichting dêr hat noch in jier de tiid om de plannen, se wolle dêr graach nijbou, út te wurkjen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 0059V 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 22