-2- It belied sa't dat wie, klantfreonlik en tsjinstferlienend foar alle ynwenners fan ús lân is om. De regels fan'e ekonomysk tinkende minske wurdt hyltiten mear tapast yn dat bedriuw. Soks hat syn gefolgen, ús plattelân fernimt dat it earste. Lykas mei de doarpsskoalle ferdwynt mei de postagintskippen in needsaaklike basisfoarsjenning en wurdt de leefberens fan it plattelân fierder oantaast.Opheffing betsjut ûnder oaren dat beheinden en âlderen net mear op eigen doarp wenjen bliuwe kinne en sille. Opheffing betsjut ek dat yn guon gefallen de léste winkel ek ferdwine sil. De P.T.T. hat in monopoaljeposysje en dermei in grutte ferantwurlikensDat nammenste mear omt sy dy posysje fan'e steat krigen hat. It rûnom sluten fan postagintskippen jout oan dat de P.T.T, dy taak net oan kin. It regear en it parlemint binne lykwols mandelich oan it ferdwinen fan dizze nutsfoarsjenning. Dit belied is yn striid m©i it ryksbelied dat âlden en beheinden sa lang mooglik yn eigen fermidden wenje litte wol. Gemeenten en provinsje sille dêrom de krêften bondelje moatte omt de P.T.T. oars hyltiten mear kantoaren slute sil. Ni je noarmen fan 6000 ynsté fan 2.500 hannelingen binnen al kommende wei. Dat betsjut dat op nij tal fan kantoaren sluten wurde sille. Jo meie jo dan ek wol ôffreegje wêr't de ein is. De P.T.T. slacht in rjochting yn dy't bedriigjend is foar it plattelân. Neat liket mear feilich foar it ymperialisme fan'e P.T.T.-ekonomen Hy lést de moasje foar dy't ek de stipe kriget fan'e fraksjes fan P.v.d.A. en V.V.D. De ried fan de gemeente Boarnsterhim yn gearkomste byinoar op tiisdei 21 maart 1989; kennis nommen fan de troch P.T.T.-Post B.V. opheven en noch op te heffen postale festigings dy't minder dan 2.500 hannelingen yn't jier út'e wei sette, dat dat yn't foarste plak it peil fan foarsjennings op it plattelân net te'n goede komme sil; yn oanmerking nimmende, dat de leefberens fan it plattelén de léste jierren troch in ferskaat fan redenen sterk útholle is. Sprekt ut, dat de P.T.T.-Post B.V., mei sjoen de monopoaljeposysje dy t dit bedriuw hat, as in iepenbier nutsbedriuw sjoen wurde moat, dat ynhéldt dat, om de foarsjennings op it plattelén op in reedlik nivo te hélden net op grûn fan rentabiliteit yn'e knipe komme mei. Fierders yn oanmerking nimmende dat de "Staat der Nederlanden" de iennichste oandielhélder is fan P.T.T.-Post B.V. Fersykje de leden fan de Twadde Keamer der "Staten Generaal" en de ferantwurdlike minister mei de measte klam te befoarderjen dat de postale loketfasiliteiten foar eltse boarger binnen reedlike ófstannen mooglik bliuwe en der't de postale fêstiging net te hanthavenjen is, in alternatyf te bieden. En giet oer ta de oarder fan de dei. 0060V 23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 26