-6- 8' Voorstel tot verkoop van grond gelegen on w indu^r<.f.rr.^ te Jirnsum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 9- Voorstel tot voorlopige vaststelling van rekening over iQfl7 van het gemeenteliik grondbedrijf De heaf Van der B^an freget wannear de beliedsfysje oangeande de ynfolling fan'e bestimmingsplannen ferwachte wurde kin. De hear Bogm& seit dat hy heard hat dat it de bedoeling is dat as de sifers oer 1988 bekind binne dat der dan in kombinearre gearkomste fan twadde en fjirde ôfdieling wêze sil. Der soe moai de troch de hear Van der Baan bedoelde beliedsfysje by belutsen wurde kinne. Wethêlder^ Fafrgr seit dat de kombinearre gearkomste sa run oktober weze sil. De sifers oer 1988 sille dan bekind wêze. Neist in diskusje deroer is it ek tige wichtich te praten oer it belied foar de takomst. Se tinkt dat de nota yn'e hjerst klear is en dat dy dan ek yn'e kombinearre gearkomste oan'e oarder komme kin. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 10* Voorstel tbt voorlopige vaststelling van over 1987. De hear Bfijana seit dat it op dit stuit noch net sa is dat de rekken yn ien eachwink te oersjen is. Hy is bind dat der no in budzjetbehearsking is en hy hopet dat dat op den doer ek foar de riedsleden wat better ynsichtlik makke wurde kin. Hy sprekt út dat hy alle betrouwen yn'e meidieling fan'e belutsen amtners en de wethêlder hat dat yntern de budzjetbehearsking goed wurket. De hear V;»n der B^n sit mei it probleem dat der binnen de rekken dingen bard binne dêr't hy him minder goed yn fine kin. Benammen it feit dat der oer it beskikken fan in tal reserves ut'e kapitaaltsjinst gjin beslút nommen is troch de rie. It giet om in bedrag fan likernôch 180.000, Hy tinkt dat it kolleezje de rie hjir al earder fan op'e hichte stelle moatten ie. Hy wol eins wol witte werom de reserves oansprutsen binne en wannear. Dy besluten soene eins earst nommen wurde moatte foardat de gemeenterekken foarriedich fêststeld wurde kin. Oangeande de mearjierrenplanning soe hy wolle dat it ûnderhâld fan'e skoallen ek goed regele wurdt. Wethêlder Faber seit dat it yn syn algemienens in goede saak is dat der in analyse fan it ûntstean fan de tekoarten is. Dêrneist binne der evaluaasjerapporten dy't op besjen leine. 0060V 27

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 30