-7- As der ferlet fan is wurde dy ek yn'e ôfdieling besprutsen. Se tinkt dat dat goede linen binne. Yntern is der in goede budzjet- en kredytbehearsking. It^is foar rieds- en kolleezjeleden hast net te dwaan en krij der goed sicht op, alhoewol't dat der eins wol by hearre moatte soe. Tagelyk mei it fêststellen fan'e jierrekken wurdt der ek besluten oer it brûken fan reserves dêr't de hear Van der Baan op doelde. It soe in goede saak wêze dat der in planning foar it ûnderhâld oan skoallen makke wurdt. Dêr wurdt oan wurke en it is it stribjen dat de planning takom jier by it behanneljen fan'e mearjierrerûzing klear is. De hear VanderBaan seit dat de rie folslein net wit wêrom dy 180.000,oan'e reserves ûntlutsen is. Hy fynt dat de rie sa buten spul set wurdt. Hy hie leaver sjoen dat der earst in riedsútstel west wie mei in goede ûnderbouwing. Wethâlder Faber seit dat as de ôfdieling dat wol it evaluaasjerapport oan'e oarder komme kin yn april. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De heer Van der Baan wil geacht worden te hebben tegengestemd. VggrsbpltQtoninbaarverklaringvaneniaeopenstaande vorderingen van het gemeentelijke oasbedriif- Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 12 Voorsteltgthetbeschikbaar stellen van een krediet voor het doen opstellen van een informatie- en automatiseringsplan. De hear Nieuwdam seit dab syn fraksje ûnderkind dat automatisearring ek yn it gemeentlik bedriuw syn einichheid net hat. Op ien as oare wize moat der dêrom in ôfwaging makke wurde oer hoe't we fierder geane. Hoewol't se in bytsje skruten binne foar de gefolgen, der moat ^fit wer ferskriklik folie achter wei komme, kin syn fraksje akkoart gean mei it útstel. Hy freget mei klam dat de opdrachtformulearring foar it eksterne buro dudlikheid jout oer wat we wolle en hoefier we gean wolle. De hear VanderBaan giet mei de hear Nieuwdam mei yn wat hy sein hat. Hy konstatearret allinne noch dat we mei de automatisearring begûn binne sûnder dat der earst in plan opsteld is. Wethâlder Faber seit dat it yndied wichtich is te witten hoe't we fierder moatte. We wurde oerspield troch ynformaasjefolders oer automatisearring. Dit plan is bedoeld om regels te treffen yn ferbân mei de ynformaasje dy't we graach hawwe wolle. 0060V 28

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 31