-9-
Frou Santema kin de wurden fan de hear Nieuwdan wol
ûnderstreekjeSe fynt dat de famylje Hazenberg rjocht hat op in
berging. Se hawwe dêr in kreaze wente delset en as jo dan sjogge
hokfoar plak de auto en de fytsen hawwe yn it ipen lânskip fynt
sy dat folie mear fersteurend as in garaazje.
De hear Vander Baan seit dat as der goede betingsten steld
wurde der foar de mienskip gjin bloed út floeie sil.
Wethâlder Breeuwsma seit dat hy stellich de yndruk hat dat de
sprekkers út'e rie in oare beneiering hawwe as it kolleezje. De
rie giet mear op de emosjonele, it kolleezje mear op de formele
toer.
Hy wiist derop dat de minsken seis keazen hawwe foar dat hûs dat
op in hiel ûngaadlik plak achter it wetter stiet. Hy kin him wol
yntinke dat men dat docht, mar dat hoecht net yn te hâlden dan
planologysk besjoen en yn it ramt fan'e presedintwurking mar
meiwurking ferliend wurde moat omt de wenomstannichheden net sa
bjustere bést binne.
Lykwols, as de rie sa ienriedich is wol it kolleezje it noch
wolris yn oerwaging nimme.
De hear Nieuwdam seit dat hy it kolleezje altiten priizge hat yn
it feit dat se wat de artikel-19-prosedueres oanbelanget in
goedwillich belied fiert. Yn dit gefal sit it kolleezje tige op
de formele toer en de rie achtet dat fan minder grut belang.
Hy is fan miening dat de omjouwing dêr der tige op foarút gongen
is no't dêr sa'n kreaze wente stiet en hy fynt dat de rie hjir
wol goederjousk wêze mei.
De hear Van der Baan tinkt dat we net benaud wêze hoege foar in
presedintwurking omt dat dat ôfhinget fan'e betingsten dy't wy
stelle.
Hy tinkt dan oan bygelyks in erfpachtregeling foar in beheind
tal jierren.
Wethâlder Breeuwsma seit dat in artikel-19-proseduere net tapast
wurde kin op persoanen sa as de hear Van der Baan eins wol seit
as hy it hat oer in erfpachtregeling.
De voorzitter neemt aan dat de raad een voorbereidingsbesluit
wil alsmede dat er vrijstelling moet worden verleend van het
geldende bestemmingsplan. Het college zal dat op die wijze
verder afhandelen.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het
aangepaste voorstel besloten.
16* Voorstel tot het nemen van een voorbereidinosbesluit als bedoeld
in artikel21van de Wet op de Ruimtelijke Ordening ten behoeve
van de aanleg van een wea in Tersoal.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
0060V 30