-13- De hear Van <ler Baan fynt it needsaaklik dat de oandacht op'e lytse doarpen rjochte wurdt en wat dat oanbelanget fynt hy dat der mar ris goed mei de wèntebouferiening praten wurden moat. De hear Volberda fynt it in loflik stribjen dat no de lytse doarpen betocht wurde. Wethâlder Breeuwsma seit dat der gjin ienriedigens bestiet tusken wentebouferiening en gemeente. Hy tinkt dat it bestjoer fan'e wentebouferiening der noch oer prate moat. It kolleezje mient wol op syn stik stean bliuwe te moatten en dat is ek hielendal yn oerienstimming mei de yntinsjes fan it doarpeplan. It is spitich dat de stânpunten sa hurd tsjinoer elkoar steane. De kontingenten wurde oan'e gemeenten tawezen en as de wentebou feriening net útfiere wol sa as de gemeente dat foar eagen hat en der gjin kompromis fûn wurde kin dan kin de gemeente ek altiten noch nei in oare wentebouferiening tastappe. Hy hopet lykwols dat it net dy kant op gean sil. De útslach fan it neier oerlis sil hy meidiele yn'e ôfdieling. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 27 Voorstglinzake de verdeling van premie A en premie C contin genten. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 28 Voorstel tot het in exploitatie nemen van fase lb van het plan gebied Meinaa te Grou. De hear Van der Baan is tsjin it útstel om reden dat der tefolle ûnwissichheden binne. Boppedat as it plan Meinga fierder ûntjûn wurdt sil it plan De Baai noch niear rinteferlies opsmite. De hear Bethlehem fynt it mar in frjemde gong fan saken sa as de hear Van der Baan syn stânpunt is. Yn'e fjirde ôfdieling en yn'e rie is ôfpraten dat it plan allinne útfierd wurdt as de eksploi- taasje run is. Ut it útstel blykt dat it frij fertrouwd is it plan yn eksploitaasje te nimmen. Wethâlder Breeuwsma is it wol mei de hear Van der Baan iens dat it plan De Baai no einliks ris rûnbreide wurde moat en dêr wurdt opt stuit ek hiel hurd oan wurke. Dat hoecht lykwols net yn te hâlden dat oare plannen stopsetten wurde. Der wurdt tige hoeden omgien mei it plan Meinga. No is fase lb oan bar dêr't it kol leezje fan oantoane kin dat it helber is. Foar de frije sektor- bou is der echt ferlet fan it plan Meinga. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De heer Van der Baan wordt geacht tegen te hebben gestemd. 0060V 34

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 37