-18- De hear Bouma seit ynearsten dat hy it iens is mei de konklúsje ûnder nûmer a. fan it útstel. Der moat konstatearre wurde dat de foarsjennings oan'e Troelstrawei striemin binne en der moat dus wat barre. In oar gegeven is dat der foar de atletykferiening amper foarsjennings binne. In stik positive diskriminaasje besjoen fanút de gedachte dat wa't neat hat it earste holpen wurde moat, soe der ta liede moatte dat as earste de atletyk- foarsjenning oanpakt wurde moat. Mar de atletykfoarsjennipg kin allinne mar op Meinga realisearre wurde. Wittende dat der oant 1992 ta in grûndepôt op Meinga leit leit dat in rem op'e ûntwikkeling fan in atletykbaan op dit stuit. Hy fynt dat der yn oerlis mei de atletykferiening yn tuskentiid sjoen wurde moat nei in goede en praktyske oplossing sadat dizze sporten ek beoefene wurde kinne. It stelde ûnder b. wurdt troch syn fraksje ûnderskreaun. It is bekind dat in minderheid fan syn fraksje dêr't hy by heart mient dat de reservearring foar'e sportfoarsjenning Grou ten ûnrjochte belêste wurdt mei om en de by 20.000,foar dy foars jennings dy't needsaaklik binne foar it riolearringsstelsel fan Grou. Hy is net ree dy 20.000,te ûntlûken oan'e reserve foar in sportfoarsjenning wylst it nei syn betinken om iepenbiere wurken giet. Syn útstel is dan ek om it bedrach fan dy 20.000,los te keppeljen fan'e 275.000,dy't bestimd is foar de sportfoarsjennings. Dy beslissing soe wer weifalle kinne as de rie beslút om yn 1992 de atletykbaan oan te lizzen en dêrfoar fanôf no de needsaaklike jilden te reservearjen foar de oanlis en de eksploitaasje fan'e baan. Dat is de iennichste fertaling dy't de minderheid fan'e P.v.d.A.-fraksje jaan kin oan'e hege prioriteit dy't ek troch it kolleezje oan'e atletykbaan takind wurdt. As mar in minderheid fan'e rie it mei him iens is as de folch- oarder fan beslútfoarming sa bliuwt soe tagelyk dêrmei de 20.000,ek út'e reserve foar de sport helle wurde. Omt hy dat te foaren komme wol stelt hy út earst te besluten oer punt c. en dêrnei oer punt b. Frou A. Ziilstra seit dat der oer de sportakkommodaasjes foar Grou al jierren praat is. It léste rapport is yn gearwurking mei de sport opsteld en jout oan wêr't de ferskate knyppunten lizze en hokker rjochting de sport op wol. De mearderheid fan har fraksje dêr't sy foar sprekt, fynt dat der sa wurke wurde moat dat it nije plan útfierd wurdt. Yn hokker tiids-rek dat kin sil ôfhingje fan'e finênsjes. Se kin har fine yn it útstel om yn de sitewaas je fan'e sportfjilden oan'e Troelstrawei ferbettering oan te bringen. Se stiet achter it kolleezje as it giet om de fraach wêr't de drainaazje út betelle wurde moat. Se kin skoan de fraach fan'e atletykferiening begripe om in goede foarsjenning. Se is fan miening dat it béste plak foar in atletykbaan it plan Meinga is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 42