-19- It probleem dêrby is dat net krekt oan te jaan is of yn 1992 de grûn beskikber komt. Dan noch de finânsjes. Eltsenien wit dat de po^ysje fan ús gemeente net talit om al trije jier tefoaren te sizzen dat eat dan realisearre wurdt. No is dêr it jild net foar mar de kommende jierren soe wol besjoen wurde kinne hoe't dat jild frijmakke wurde kin. Ek oare proriteiten sille dan ôfwûgen wurde moatte. Dêrom is sy fan miening dat de atletykbaan by de mearjierrerûzing in hege prioriteit krije moat. Frou Santema seit dat de V.V.D. ynstimme kin mei it útstel de sportfjilden oan'e Troelstrawei te renovearjen. Se stelt út it jild dat reservearre is foar de sport en net nedich is foar de Troelstrawei te reservearjen foar de atletykbaan. Yn'e mearjierrenrûzing kin foar it tekoart dat dan noch oerbliuwt in plakje fûn wurde. De hear Doting? seit dat syn fraksje it iens is mei it kolleezje-útstel Wethâlder Faber seit dat eltsenien konstatearret dat de foarsjenningen oan'e Troelstrawei tige min binne en eltseniene is ek bliid dat dêr no wat oan dien wurdt. De reserve dy't de léste jierren dêrfoar opboud is wurdt no oansprutsen om de sitewaasje oan'e Troelstrawei sa te ferbetterjen dat we wer in tal jierren foarút kinne. Foar de atletyk is op de Troelstrawei gjin plak en de atletykferriening groeit noch hyltiten. Dizze feriening hat har wol wiermakke en ferstjinnet seker in goede foarsjenning. It kolleezje ûnderskriuwt dat en fynt dat de atletykferiening in goed plak hawwe moat yn it plan Meinga. Der binne lykwols twa swierrichheden. Tenearsten sil it grûnbedriuw yn elts gefal de earste trije jier gebrûk meitsje fan it terrein dat foar atletykbaan bestimd is. Dat hat ek wol it foardiel dat as de atletykbaan oanlein wurdt de grûn al moai slonken is. Der binne goede ofspraken makke mei gemeentewurken oer de wize fan of lever jen fan'e grûn as it grûndepôt der net mear is. It spitst him no ta op yn hoefier jo der yn leauwe dat ek wier yn 1992 de atletykbaan oanlein wurde sil. De hear Bouma fynt dat der oant 1992 ta al reservearre wurde moat foar de atletykbaan en dêrfandinne dat de tekst fan it beslút sa oanpast wurde moat. Der is no al in lyts begjintsje nammentlik: 308.513,23 - 275.000,— (Troelstrawei) 33.513,23. It kolleez je giet wat de hear Bouma wol te fier. It kolleez je wol wol hiel dúdlik oanjaan dat der tige serieus oan'e plannen foar in atletykbaan meiwurke wurde sil. Se fynt dat it kolleezje de ferantwurdlikens net nimme kin en lis no fêst dat yn 1990 dat bedrach en yn 1991 dat bedrach reservearre wurde sil. By de mearjierrenrûzing komt soks wol oan'e oarder en om dêr no al op foarút te rinnen fynt se net goed. Se seit dat by de beslútfoarming earst punt c. en dan punt b. oan bar komme sil, om reden dy't de hear Bouma oanjûn hat. De voorzitter schorst om 22.30 uur de vergadering voor overleg. Hij heropent de vergadering om 22.45 uur. 0060V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 43