-20- De hear Bouma jout in Compliment oan dyjingen dy't meiwurke hawwe oan it stik dat jûn bepraat wurdt. Hy hat it yn earste ynstansje net hân oer de punten en komma's fan'e útfiering fan it plan. Hy ferwachtet lykwols dat de kwaliteit goed wêze sil en dat der in goed oerlis wêze sil tusken de oannimmer en de sportferienings Wat de beslútfoarming oanbelanget wol hy it trajekt sketse sa't hy dat foar eagen hat. Earst ûnderdiel a. As twadde ûnderdiel c. Hy stelt út dat konkreter te meitsjen troch no al in reservearring oant 1992 oan te jaan sadat as it safier is de atletykbaan ek echt realisearre wurde kin. Derfoar is 125.000,nedich. Nimt de rie dat net oer dan kin by ûnderdiel b. útsteld wurde dat der 20.000,uthelle wurde moat foar de oanlis fan'e drainaazje. Dy 20.000,moat dan út'e bygelyks iepenbiere wurken betelle wurde en moat taheakke wurde oan'e reserve foar de atletykbaan. Foar 1989 kin hy wol mei it kolleezje akkoart gean dat dy 20.000,by de sportreservearring bliuwt. Hy stel dêrom út dy 20.000,no earst fan dy reserve te lienen en by de behanneling fan'e begrutting 1990 dat bedrach te stoarten by de reserve foar de atletykbaan. Frou A. Ziilstra seit dat sy wat punt c. oanbelanget achter it kolleezje stean bliuwt. Der kin noch safolle op ús ôfkomme dat sy fynt it net goed no al reservearrings foarôf fêst te lizzen. 20.000,earne oars út'e begrutting weiheije soe bestjutte dat der op in oare post besunige wurde moat en sy soe net witte op hokker post dat dan moatte soe. Se fynt dat dy ôfwaging by de mearjierrenbegrutting makke wurde moat. De hear Van der Baan is it wol iens mei de riddenearring fan de hear Bouma oangeande de riolearring. Hy hat der wol problemen mei no al in reservearring foar de atletykbaan fêst te lizzen sûnder te witten hoe't it aanst komme sil Hy wol by de mearjierrerûzing besykje te reservearjen foar de atletykbaan. De hear Dotinqa seit dat syn fraksje it kolleezje-útstel stipet. Frou Santema seit dat sy beide útstellen fan de hear Bouma stipet. Wethêlder Faber seit dat it komplimint fan'e hear Bouma hiel terjochte is en se ûnderstreket dat fan herte. Ek it kolleezje en it amtlik apparaat geane der fanút dat der by de rekonstruksje fan'e sportfjilden oan'e Troelstrawei in stik kwaliteit levere wurde sil. It oerlis mei it sportsintrum sil fansels bliuwe. Foar de atletyk sil nei in tuskenoplossing socht wurde yn gearwurking mei de feriening. Se riedt it de rie óf om yn 1990 de 20.000,wer yn'e reserve foar de sport te stoarten en earne oars yn'e begrutting ûnder te bringen. Se fynt it ek bestjoerlik ûnferstannich om tuskentiids, no't de begrutting en de mearjierrenrûzing net oan'e oarder binne, fêst te stellen om yn'e kommende jierren in bedrach te reservearjen. 0060V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 44