- 2 - Fan'e wike is in hystorysk momint omt no âlden en learkrêften yn ferset komme. Dit bart benanunen yn'e trije noardlike provinsjes. Se komme op foar harren bern dy't rjocht hawwe op goed en rêstich ûnderwiis en dat is nedich no en yn'e takomst. Dan lest se de moasje foar. De raad van de gemeente Boarnsterhim in vergadering bijeen op 14 februari 1989; gehoord: de bezuinigingen van de minister van onderwijs; de bezorgdheid van ouders, onderwijsleerkrachten, bestuur ders in het noorden van het land met betrekking tot de afbraak van de kwaliteit van het onderwijs; wijst deze bezuinigingen op het onderwijs met kracht af: geen formatiekorting; geen afbraak werkgelegenheid; geen aantasting van de kwaliteit van het onderwijs op scholen in het primair en voortgezet onderwijs; geen aantasting van de bereikbaarheid van scholen; geen aantasting van de leefbaarheid van het platteland; zij roept regering en parlement op zich ernstig te bezinnen op de massale protesten van ouders, onderwijsgevenden en bestuur ders; doet een beroep op de minster van onderwijs de kortingen op de kleine scholen ongedaan te maken en verdere bezuinigingen ach terwege te laten, zodat de rust op de scholen kan wederkeren en de kwaliteit verder bewaard kan blijven en gaat over tot de orde van de dag. De hear Van der Baan seit dat we op'e nij opskrikke fan'e maat regels dy't nommen wurde oangeande it ûnderwiis. It sintralis- tysk regear yn Den Haach nimt sa syn maatregels dy't folslein net doge yn ús fryske sitewaas je. Ek no sjocht it regear net it bysûndere fan Fryslân. Sjocht it net it grutte tal lytse doarp- kes ferspraat oer hiel Fryslân mei de lytse skoaltsjes dy't de basis foarmje foar de Fryske taal en kultuer. Of stekt achter de maatregels in polityk dy't ferlike wurde kin mei de Roemeenske polityk fan Ceaucsesco dêr't de Hongaarske etnyske minderheid nei de ûndergong holpen wurdt. It proses giet hjir mear slûpen- derwei mar it risseltaat sil itselde wêze. It plattelân ûntfol- ket. Lytse skoallen ticht, postagintskippen slute, it betsjut de kealslach fan it plattelân. En krekt dat plattelân foarmet de basis foar ús taal en kultuer. Hy tinkt dat mei it Frysk en de Fryske kultuer ek de wearden en noarmen ferdwine. Us protest kin nea te fûl weze want it giet om de takomst fan Fryslân seis. Wethâlder Bloem seit dat de moasje har spitigernôch út it hert grepen is. Spitigernoch omt wat deryn stiet mar al te wier is en omt jo it gefoel krije dat jo hast net mear ferantwurdlik wêze kinne foar it ûnderwiis. It is no safier dat de minsken hast de moed ferlize en neat is slimmer dan dat. Dêrom sil it kolleezje de moasje stypje. Se fynt it spitich dat de hear Van der baan it allinne mar op it Frysk taspitst. Dizze aksje, dy't ek fierd wurdt yn Grinslân, Drinte en Seelân, lit no krekt sjen dat we solider meielkoar binne 0059V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 5