W7 GEMEENTE BOARNSTERHIM 22. Utstel om in stânpunt yn te nimmen oangeande de posysje fan it gemeentlik gymnasium yn Ljouwert. Oan de gemeenteried Grou, 7 april 1989. Sa't jim witte is de gemeente Ljouwert fan doel om it iepenbiere en bisûnder fuortset ûnderwiis yn dy gemeente ûnder te bringen yn ien, mooglik twa of tri je skoall.emienskip(pen)De foarkar giet út nei ien skoallemienskip. Foardat lykwols in definityf stânpunt ynnommen wurde sil troch it kolleezje fan boargemaster en wethalders fan Ljouwert sille de foar- en neidielen fan ien, twa en trije skoallemienskippen ûndersocht wurde. De âlden fan learlingen dy't it gymnasium besykje, hawwe ûngerêst reagearre op dy ûntjouwings. Se binne benammen bang dat yn de nije opset fan it fuortset ûnderwiis yn Ljouwert it gymnasiaal ûnderwiis der ûnderstrûpe sil. Der binne nochal wat learlingen fan buten Ljouwert dy't nei it gymnasium geane. Alden fan learlingen út omlizzende gemeente hawwe in brief skreaun dy't rjochte is oan de eigen gemeenteried. De gemeente Menamerdiel hat dêrop om neiere ynformaasje frege oer it plak fan it gymnasium yn de nije struktuer. Troch de gemeente Ljouwert is doe in konsept riedsútstel (16 febrewaris 1989) en konsept riedsbeslút tastjoerd oan alle bûtengemeenten dy't learlingen op it gymnasium hawwe. It is in wiidweidich útstel dêr't in oantal útgongspunten yn foarstien wurde, sa as: 1. (sitaat) "zo breed mogelijke scholengemeenschappen, waarbij meervoudige vestigingen mogelijk moeten blijven met het oog op de bereikbaarheid en de kleinschaligheid"; 2. "één brede scholengemeenschap, waarin de basisvorming in al zijn variëteiten gevolgd kan worden, waarin daarna zowel mavo, havo, atheneum en gymnasium-diplomering kan volgen"; 3. "er zal sprake zijn van een aantal lokaties met een gemiddeld opvang van 500 600 leerlingen en met binnen zekere grenzen de mogelijkheid tot het voeren van een eigen beleid. Van massaliteit is dus geen sprake"; 4. "binnen de voorgestelde structuur verdient dan ook de positie van atheneum en gymnasium leerlingen enerzijds en IB0/LB0 leerlingen anderzijds bijzondere aandacht". Fierders is der in oerlis- en ynspraakproseduere fêstlein. Derby wurdt eltsenien dy't it oangiet safolle mooglik yn de gelegenheid steld om in stânpunt nei foaren te bringen. Wy hawwe de yndruk dat de gemeente Ljouwert hiel hoeden en sekuer mei dizze matearje omgean wol. Yn dy sin sil der nei alle gedachten ek foldwaande romte oerbliuwe foar it gymnasium om it foar dy ynstelling karakeristike ûnderwiis ta syn rjocht komme te litten. Wy stelle jim ried dan ek út om yn dy sin in standpunt yn te nimmen. It ûntwerp riedsbeslút leit foar jim by de stikken op besjen. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0060V 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 73