GEMEENTE BOARNSTERHIM 23. Utstel om de subsidiearring fan it goedtsjinstûnderwiis oan'e basis- skoallen yn'e gemeente te wizigjen. Oan de gemeenteried. Grou, 7 april 1989. Ut jimme beslút fan 19 maart 1985, nûmer 20, docht bliken, dat it subsydzje foar godstsjinstûnderwiis op'e basisskoallen sûnt 1 janne- waris 1986 in bedrach omfiemet fan 225,foar elk wykliks lesoere. Dat beslút betsjutte in wiziging fan it beslút fan 20 novimber 1984, nûmer 29. Beide besluten mei oanbelangjende útstellen lizze foar jimme by de riedsstikken op besjen. Yn'e gemeentebegrutting fan de léste jierren waard hieltyd in subsydzjebedrach fan meiinoar 1.800,jiers opnommen. Dat bedrag wie basearre op 8 lesoeren fan 225, It hat bliken dien, dat dat bedrag net foldwaande wie, omdat it folsleine oantal lesoeren de leste jierren mei likernôch 100% tanommen is. Dat hat fan gefolgen hân, dat jimme ried yn syn gearkomste fan 20 desimber 1988 (wurklistnûmer 33) besluten hat om de gemeentebegrut ting 1988 op dat punt te wizigjen en it subsydzjebedrag foar it gods ts jinstûnderwiis foar 1988 te ferheegjen mei 1.500,en neier fêst te stellen op 3.200, Mei it each op it tanommen tal subsydzje-oanfragen foar godstjinst- ûnderwiis hawwe wy ús neier beret oer it subsydzje foar dat ûnderwiis foar 1989. Derby binne ús gedachten útgongen nei in budzjettearring op basis fan in maksimum tal subsydzje-oeren. It hat ús bliken dien, dat yn 1988 oan alle iepenbiere basisskoallen godstsjinstûnderwiis fersoarge wurdt. Foar 1989 mei oannummen wurde, dat dat net oars wêze sil. Foar de folsleinens merke wy hjir noch op, dat oan de bysûndere basisskoallen yn'e regel les jûn wurdt troch de learkrêften fan de oanbelangjende skoalle. Dêrtroch is de subsydzjeregeling net fan tapassing foar dy skoallen. No it it sa, dat oan de measte fan de 12 iepenbiere basisskoallen wyliks 1 lesoere goedtsjinst jûn wurdt, lyk as yn it ûnderstende nei foaren komt. Iepanbiere basisskoalle: Tal bern op Tal oeren godstsjinst- 16.01.1989 ûnderwiis yn 1988 en it subsydziebedrach It Kampke, Terherne 36 1 225,— De Lege Geaën, Sibrandabuorren 39 1 225,— De Finne, Warten 65 1 225, Juf Boeremaskoalle, Akkrum 70 1 225,— It Tredde Sté, Jirnsum 98 1 225,— It Raerderhiem, Raerd 105 1 225,— De Boarne, Aldeboarn 107 2 450,— De Trije Doarpenskoalle, Reduzum 125 1 225,— Boargemaster Thalenskoalle, Akkrum 156 1 225,— J.H. Nieuwoldskoalle, Wergea 175 2 450,— Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle, Grou 206 2 450,— Master Wielsmaskoalle, Grou 212 2 450,— 0060V 67

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 74