-2- Wat dêrby opfalt is, dat it by de Tri je Doarpenskoalle en de Boarge- master Thalenskoalle mei 125 en 156 learlingen giet op 1 lesoere subsydzje, by "De Boarne" mei 107 bern om 2 oeren en by "It Raerder- hiem" mei 105 bern om 1 lesoere subsydzje. Yn ferbân mei it boppestande achtsje wy it ridlik en winsklik oangeande it subsidiearjen fan it godstsjinstûnderwiis in 100 learlinge-grins ta te passen, yn dy sin, dat foar skoallen mei minder as 100 learlingen oanspraak makke wurde kin op in subsydzje, dat basearre is op 1 lesoere fan 45 minuten en skoallen mei mear as 100 learlingen oanspraak meitsje kinne op in subsydzjebedrach, dat basearre is op 2 lesoeren fan 45 minuten. Dat betsjut, dat yn'e gemeentebegrutting foar 1989 rekken holden wurde moat mei in subsydzje fan meiinoar 4.275,(5 skoallen: 5 x 1 oere x 225,7 skoallen: 7x2 oeren x 225, Ien en oar hawwe wy oan'e oarder steld yn it oer lies mei de direkteuren fan de iepenbiere basisskoallen en yn'e 3e ofdieling fan jimme ried. De 3e ofdieling - likegoed as de direkteuren - kin him fine yn in sadanige wiziging/oanfolling fan de subsydzjeregeling op dat mêd. Wy wolle hjir nochris ûnderstreekje, dat wy fan miening binne, dat it fan belang is om it godstjisntûnderwiis op'e basisskoallen te subsidiearjen, omdat dat ûnderwiis beskôge wurde kin as in bydrage ta de algemiene foarming fan de learlingen. De learlingen wurde op dy wize yn kontakt brocht mei de pylders fan de westerske beskaving. Boppedat wurdt dêrmei optimaal it karakter fan de iepenbiere basisskoalle garandearre. Gearfetsjend stellen wy jimme út om te rekkenjen mei yngong fan 1 jannewaris 1989 it riedsbeslút fan 19 maart 1985, nu. 20 mei achtslaan fan it boppesteande te wizigjen en oan te foljen neffens it ûntwerp-beslút dat foar jimme by de riedsstikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0060V 68

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 75