w GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel om in meiwurkingsbeslút te nimmen en in kredyt beskikber te stellen foar it oantúgjen fan grut- boartersmateriaal foar basisskoal- len foar iepenbiere en bysûnder ûnderwiis Oan de gemeenteried. Grou, 7 april 1989. Yn it ûnderwiiskundig program foar easken nijbou en útwreiding húsfestingsfoarsjennings basisûnderwiis is fêstlein dat eltse skoalle in bewegingsromte foar 4-6 8 jierrigen (boarterslokaal) hat. Ien en or is neier útwurke yn it boubeslút fan 19 septimber 1985. Skoallen dy't op 1 augustus 1985 allinnich beskikke koene oer saneamde boarters-wurklokalen as boartersromte, kinne ûnder bepaalde betingsten oanspraak meitsje op in fergoeding faor de earste ynrjochting fan in boartersromte. Betinasten. Om yn oanmerking te kommen foar in ryksfergoeding foar de earste ynrjochting fan in boartersromte, moat oan in oantal betingsten foldien wurde. 1. Der moat in yntegraasjeferbouwing útfierd wêze, wêrby in boartersromte makke is. 2. Yn it gefal der gjin yntegraas jeferbouwing west hat, moat in skoalle oer foldwaande romte beskikke om boartsje te kinnen, boarters-wurklokalen net meirekkene. At der foldwaande romte is, wurdt beoardiele oan'e hân fan objektivearre noarmen yn it boubeslút. 3. Der moat troch it Ryk net earder finansjele ferplichtings oangien wêze oangeande de ynrjpchting fan in boartersromte fan in basisskoalle, wol dy skoalle yn oanmerking komme foar in fergoeding foar de earste ynrjochting. Ryksferaoedina. De ryksfergoeding foar aonfoljende earste ynrjochting grut-boartersmateriaal is basearre op it program fan easken Oare Foars jnnings, de saneamde kêst 74 saken. Dat hâldt yn dat de gemeente sawol foar iepenbiere- as bysûndere skoallen de fergoeding foar earste ynrjochting krijt op basis fan in 40-jierrige lineêre ôfskriuwing. It ynfestearingsbedrach is 9.852,37 (ynklusief b.t.w.) de skoalle. Der binnen 14 iepenbiere- en bysûndere basisskoallen dy't oan de foarneamde betingsten foldogge. Foar dy skoallen is in fersyk om in ynferstearingsfergoeding foar grut-boartersmateriaal yntsjinne by it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen mei derby taheakke in akkountansferklearring. Op grûn fan dy akkountantsferklearring wurdt dit jier noch begûn mei it útbeteljen fan de fergoeding. 0061V 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 76