-2- Skoallen. Der is in oersicht makke fan» skoallen dy't noch materiaal nedich binne. Fan de 14 skoallen, dy't rjocht hawwe op in oanfol jende fergoeding, hawwe fjouwer bysûndere skoallen oanjûn dat se (noch) gjin fersyk om meiwurking oerienkomstig kêst 74 W.B.U. yntsjinje sille. Fan dy fjouwer binne der twa skoallen dy't yn gearwurking mei it iepenbier ûnderwiis gebrûk meitsje fan grut-boartersmateriaal (Wergea en Warten)Fan de iepenbiere skoallen is der ien skoalle, dy't al folslein ynrjochte is (Aldeboarn). Foar de oare njoggen skoallen is yn guon gef allen gjin of net foldwaande grut-boartersmateriaal oanwêzich. Fan materiaal dat op de skoallen oanwêzich is en materiaal dat der net is, mar wol ta de earste ynrjochting fan in boartersromte heart, is in ynfentarisaasje makke. Troch ús is besifere dat foar de 8 iepenbiere en ien bysûndere basisskoalle (Jirnsum) nei alle gedachten in bedrach nedich is fan 106.255,Dat totaalbedrach wurdt folslein dutsen troch de ryksfergoeding. In oersicht fan grutboartersmateriaal dat noch nedich is en de kosten dy't dêr mei muoid binne, lizze foar jim by de stikken op besjen. Gearfetsjend stelle wy jim út om: a. oan stifting katholyk ûnderwiis St. Radboud yn Jirnsum de meiwurking te ferlienen oerienkomstig kêst 74 W.B.U. foar it oanfoljen fan de earste ynrjochting fan grut-boartersmateriaal; b. foar it oantugjen fan grut-boartersmateriaal foar ien bysûndere- en acht iepenbiere basisskoallen in kredyt beskikber te stellen fan 106.255,—; c. de jierlikse ryksfergoeding foar safier't dy de jierlikse lésten fan de ynfestearing neamd by b. te boppe giet, te reservearjen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0061V 14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 77