-12- Der wurdt sein dat de gemeente Ljouwert hoeden en sekuer mei dizze mateerje omgean wol sadat der foldwaande romte oerbliuwe sil foar it gymnasium. Ek is der in ynspraak- en oerlisprosedure fêstlein. Dat nimt dochs de soargen net wei. Ljouwert tinkt oan in tal skoallen fan 500 k 600 learlingen dêr't alle rjochtingen yn sitte. Men seit dat fan massaliteit gjin sprake is. Har fraksje mient dat der dan krekt wol sprake is fan massaliteit. Alles wurdt op in bul te fage. We sizze wol sa moai dat alle bern de kans hawwe moatte om harren te ûntjaan. Se is fan miening dat troch alles yn ien skoalle hawwe te wollen der in ienheidswoarst foarme wurdt. Twa kategorieën rinne de kâns harren ûntjouwing mis te rinnen. De learlingen fan it L.B.0. en it gymnasium drige derunder te strûpen. Derom is har fraksje foar in selstannich gymnasium en dat it yndividu net opgean mei in te grutte massa. De hear Dotinaa tinkt dat der foar it karakteristike gymnasium- ûnderwiis foldwaande romte oer bliuwe sil. Hy kin it dêrom wol iens wêze mei it kolleezje. De hear Har Baan fynt it spitich dat sa'n kategorale skoalle as it gymnasium ferdwine sil. Net allinne fanwegen it feit dat dizze skoalle dochs altiten wol in unyk plak ynommen hat mar benammen omt it mear temjitte komt oan it faak better funksjonearjen fan lytsere skoallen. Wethâlder Bloem seit dat guon riedsleden wol en oaren net it iens binne mei it kolleezje. It kolleezje hat der betrouwen yn dat yn de gemeente Ljouwert op in hoeden en sekuere wize wurke wurdt. Se tinkt dat wy letter de gemeente Ljouwert mooglik oansprekke kinne op arguminten dy't men der hantearret. It is en bliuwt in eigen ferantwurdlikheid fan in gemeente om oer syn eigen skoallen te beslissen en dêrom moatte wy op in beskieden wize réagearje. Se tinkt dat we as we hjir oer prate tagelyk prate oer de problemen fan it totale fuortset ûnderwiisDe gemeente Ljouwert stiet dêrom ek in totale oplossing foar, net allinne foar ien ûnderwiisfoarm mar foar alle. It is terjochte dat der útgongspunten binne dy't oan'e iene kant te krijen hawwe mei de ûntjouwingsmooglikheden fan alle learlingen en oan'e oare kant mei de organisaasje fan'e skoallen. It kolleezje hat der noch gjin yndruk fan hoe't it der ut komt te sjen mar sjocht wol dat Ljouwert besiket in antwurd te jaan op de problemen yn it fuortset ûnderwiis. De lytsskealigens is it béste te ferdigenjen fanút in tal dêrop taspitste útgongspunten. It kolleezje, sa as earder sein, hat genoch betrouwen yn de wize dêr't de gemeente Ljouwert dizze saak op oanpakt. We bliuwe op'e hichte fia it wethêldersoerlis yn'e regio noard. Dêrnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Utstel om in meiwurkinasbeslút te nimmen en in kredvt beskikber te stellen foar it oantuaien fan grut boartersmateriaal foar basisskoallen foar iepenbier- en bvsûnder ûnderwiis. 0063V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 14