GEMEENTE BOARNSTERHIM 10. Utstel om it fêststellen fan in sollisitaasjekoade foar it iepen bier ûnderwiis foar te behalden oan de gemeenteried. Oan de gemeenteried. Grou, 3 maaie 1989. Under ferwizing nei it oanbelangjende utstel "voorstel tot vaststelling van een sollicitatie-code voor het onderwijzend personeel in dienst van de gemeente" (sjoch wurklistnûmer 11), diele wy jimme mei dat de sollisitaasjekoade fêststeld wurde moat troch it foechhawwend gesach". Yn de ûnderwiiswetjouwing - de Wet op it Basisûnderwiis en de Wet op it Fuortsetûnderwiis - wurdt mei "foechhawwend gesach" fan in iepenbiere skoalle it kolleezje fan boargemaster en wethâlders bedoeld, foarsafier de gemeenteried net oars foarskriuwt en, as de ried dan winslik achtet, mei achtslaan fan rigels, dy't troch him steld wurde. Mei it each op de omstannichheid dat de sollisitaasjekoade slacht op it hiele ûnderwiisfjild en dêrtroch in grutte draachwiidte hat, achtsje wy it fan belang, it primêre foech fan ús kolleezje om de sollisitaasjekoade fêst te stellen oer te dragen oan jimme ried. In reden te me ar is, dat jimme ried it foech om direkteuren fan iepenbiere skoallen yn ús gemeente te beneamen, tydlik út te sluten en te ûntslaan oan him foarbehâlden hat. Wy stelle jimme dam ek út om in beslút te nimmen ynhâldende, dat jimme ried it fêststellen fan de sollisitaasjekoade foar it iepenbier ûnderwiis yn ús gemeente oan him foarbehêldt. Dêrta leit it ûntwerp-beslút foar jimme by de riedsstikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0061V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 30