GEMEENTE BOARNSTERHIM 13. Utstel oer de miljeu-oardering oan te foljen mei in ferbod op it dong- jen en jarjen fan de bermen. Oan de gemeenterie. Grou, 3 maaie 1989. It sil jimme bekend wêze dat partij boeren - ek yn ús gemeente - sa'n dong hawwe dat hja dat net (legaal) kwyt kinne. Ien of twa kear ekstra oer it lân giet noch, mar dan noch kin men de brot faak net kwyt. Yn it ôfrûne jier is noch alris fêststeld dat hja yn sokke gefallen ek de berm bylâns de iepenbiere dyk "efkes meinimme". Derby yn it midden litten oft de bermsleat (al dan net mei opsetsin) ek mei- nommen waard. De ôfdieling Behear en Underhâld fan'e Haadôfdieling I.W.R.O., dy't ferantwurdlik is foar de bermen hat frege oft der in foarskrift is dat it near leit op it dongjen en jarjen fan bennen. Fan harren kant wolle se de bermen toar, earm hâlde. De bermen bliuwe dan droeger en der groeit in stevige gersseadde. In twadde punt is dat troch it earm halden fan'e bermen de natuerlike fegetaasje syn gerak wer krijt. Dêrtroch bloeie de bermen as fan aids (ekology!). Dat dong en jarre alhiel net yn'e sleat hearre sil elkenien wol dúdlik wêze fersmoarging oerflakte wetter!). Fan de side fan de plysje wol men graach meiwurkje om it dongjen en jarjen fan'e bermen te kearen. Hja kinne lykwols gjin proses-ferbaal meitsje as der gjin ferbod is. Dat ferbod is der net. Sa'n ferbod soe it beste opnommen wurde kinne yn ús miljeu-oardering sa as dy by beslút fan jimme ried fan 20 jannewaris 1987 fêststeld is. Nei kêst 26 soene dan twa nije kêsten opnommen wurde moatte, te witten. Kêst 27. "Het is verboden mest en gier te verspreiden of te doen verspreiden in bermen langs wegen, ongeacht of die bermen al dan niet verhuurd zijn". Kêst 28. "Wanneer een eigenaar of gebruiker van agrarische of andere gronden deze vanaf de openbare weg met dunne mest of gier bespuit of doet bespuiten, dient dit met zodanige voorzorg te geschieden dat die mest of gier niet in de berm noch in de bermsloot terecht komt" De besteande kêsten 27, 28 en 29 moatte dan fernûmere wurde ta respektivelik 29, 30 en 31. De Krite Kommisje, dy't wy yn it foar om in reaksje frege hawwe, lit yn har brief fan 6 april lêstlyn witte dat hja hjir alhiel mei ynstimme kinne. 0061V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 33