20. Utstel parsjele oanpassing oarde- ring learlingeferfier GEMEENTE BOARNSTERHIM Oan de gemeenteried Grou, 3 maaie 1989. Troch de Feriening fan Nederlânske Gemeenten binne in oantal wizigingen fan de model-oardering learlingeferfier útsteld. Indertiid is dy model-oardering op de measte punten oernommen troch ús gemeente (riedsbeslút 21 july 1989). Yn hast alle gefallen giet it om relatyf lytse oanpassingen, dêr't yn'e praktyk fan bliken dien hat, dat dêr ferlet fan wie. Taliochtinq. Kêst 1 (begripsbepaling). De wiziging is bedoeld om partikuliere skoallen út te sluten fan in ferfierskostefergoeding op grûn fan de W.B.U./ISOVSO. Kêst 8 (peildatum). Slacht op de bepaling fan kêst 11 fan de oardering, wannear't in learling ûnder begelieding nei in skoalle giet. Om misbegryp, te foarkommen is de ferwizing nei kêst 11 eksplisyt opnommen. Kêst 13 en 17 (fergoedinq eigen ferfier). Jout in ferdúdliking yn de gefallen âlden de bern seis ferfiere wolle of troch oare êlden ferfiere litte wolle en dêrfoar in fergoeding freegje. Kêst 15 en 16 fergoedinq foar begeliedinq/oanoast ferfier). Yn de wet wurdt ûnderskied makke tusken lichaamlik en sintúchlik handikapte bern. Us útstel is dan ek om it begrip sintúchlik handikapte bern út- druklik yn de oardering learlingeferfier op te nimmen. Kêst 21 (eigen bvdraqe). Ek hjir giet it om in ferdúdliking, nammentlik dat de êlderbydrage basearre is op in skoaljier. Wy stelle jim út de wizigingen sa't dy oanjûn binne yn it konsept- riedsbeslút oer te nimmen en oerienkomstich fêst te stellen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0061V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 49