-2- We moatte net út it each ferlieze dat de steat en de oaljemaat- skippijen it grutste belang hawwe by de winning. Se foarmje tegearre in machtsblok dat we net maklik trochbrekke kinne. Allinne yn ienridigens sil dat slagje. Ek yn Grinslân lykas yn Rotterdam is der grut alarm. Europarlementariër Vande- Meulenbroucke hat tasein ek ynternasjonaal oandacht te freegjen foar alle effekten en gefolgen ûnder oaren foar it miljeu. Hy sil dêrnei in resdúsje yntsjinje. Yn de moasje fan syn fraksje wurdt sein dat de minister neiere betingsten stelle moat. Dat slacht benammen op de wize dêr't it gas op wûn wurdt en ek it faker mjitten yn it gaswingebiet. Flugge winning hat slimmere gefolgen as in hoeden wize. Hy lest de moasje foar dy't stipe wurdt troch de fraksje fan'e P.V.D.A. De Ried fan de Gemeente Boarnsterhim byinoar op tiisdei 18 april 1989; hat him op'e hichte steld fan de resinte ûntjouwings oangeande de gefolgen fan de gaswinning en hat konstatearre dat de eardere prognoasesifers oer de boaiemsakking troch gaswinning yn Grinslân op dit stuit ferkeard útfalle en as sadanich net langer ta betroubere mar ta ferkearde foarsizzings ferklearre binne; hy nimt derby yn it omtinken; dat de prognoasesifers yn it gebiet om Grou hinne op deselde wize berekkene wurde as yn Grinslân; dat de prognoasesifers fan dat gebiet dêrmei ek yn'e kiif komme en de gefolgen ferkeard ynskat binne. De Ried stiet der dêrom op oan dat de mooglike gefolgen opnij besjoen wurde lykas yn it mûnling oerlis fan 9 maart 1989 tusken keamerlid Zijlstra en de minister op oantrune is. Boppedat stiet de Ried der op oan dat foarearst neiere betingsten troch de minister steld wurde oangeande de gaswinning yn de konsjesjegebieten om Grou hinne. De hear Renia seit dat de hear Van der Baan de reden fan'e moasje al goed útlein hat. Ek yn Den Haach is al ien en oar bekind under oaren troch keamervragen fan de hear Zijlstra. It liket syn fraksje dêrom gaadlik de stappen dy't setten wurde safolle mooglik spoare te litten. Dêrom hat syn fraksje der op oanstien dat yn'e moasje opnommen wurdt dat de minister neiere betingsten stelle moat. It liket him ek goed dizze moasje under de oandacht fan oare gemeenten en de provinsje te bringen sadat safolle mooglik druk útoefene wurdt op de minister om de gefolgen fan'e gaswinning goed te besjen benammen ek om yn it foar te kommen dat boargers aanst skea hawwe dy't nearne te ferheljen is. Dat is tinkt hy de yntinsje fan de moasje. Mevrouw Aufces zegt dat haar fractie de motie niet steunt. Het lijkt er veel op dat de F.N.P. naast de friese kuituur andere kuituren aan het ontwikkelingen is, te weten de gaskultuur en de motiekuituur. 0063V 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 4