-5- Feitlik soe it sa wêze moatte dat Rykswettersteat by gjin inkeld wurk mear tastiet dat earne sân weihelle wurdt sûnder dat dêr "wurk mei wurk" -belangen mei tsjinne binne. Hooplik sil de kreativiteit fan'e oannimmer de 28ste hiel grut wêze. Docht bliken dat it dochs net slagget, -an is it noch net bielendal ferlern want it giet dan om de ynskriuwing foar de le fase. De 2e fase moat letter noch mear sân foar komme en dan sil dochs echt besocht wurde moatte de ienriedigens dy't der op bestjoerlik, ambtlik en saaklik mêd al is hannen en fuotten te jaan. Hy ropt it kolleezje op om de 28ste op syn alderiepenst te wezen en mei eltse oannimmer dy't it krijt om'e tafel sitten te gean en seker om te besykjen de 2e fase net foarby gean te litten. De voorzitter zegt toe dat het college aktief bezig zal blijven om het project die uitvoering te geven dat in ons gebied het meeste zal opleveren. Punt 19: De hear Renia seit dat der nea te folie protestearre wurde kin tsjin dit soarte fan maatregels. Kear op kear ommers slagget dit regear der yn minsken ta it slútstik fan'e ekonomy te meitsjen. Jierren besunigje en tûzenden minsken oan'e râne fan it bestaansminimum en hat it wat uthelle? Hielendal neat, de wurkleazens is net in kromke nei ûnderen ta gien. Dit 19e-ieuwse liberale belied hâldt de wurkleazens yn stân. Gelokkich komt der ferhef tsjin dit wanbelied. de fakbûnen waakse. Dat binne deselde fakbûnen dy't fan't hjerst leanmatiging fregen oan it regear as dy wat dwaan woe oan'e wurkleazens. It moat oars en it kin oars. Sjoch mar ris nei lannen as Sweden, Switserlân, Eastenryk. Op de ien as oare wize wol dit regear it net. Ferdiele en hearskje leit har blykber better. De ingekomen stukken worden verder, voor zover niet anders aangegeven, voor kennisgeving aangenomen. 4. Mededelingen. Nummer 2: De hear GBouma seit dat der oan dizze saak in soad kanten sitte dy't him min noaskje. Ynearsten de wize wêrop it gong is. Der wurdt in gebou delset en we binne it net iens oer de wize werop as dat útfierd wurdt. Dan komt der in prosedure en wurde der ferskriklik djoere hearen socht foar in kommisje dy't alles útsykje moat. Ynhaldlike adviseurs fan beide partijen wurde wiidweidich heard en dan by eintsje beslút docht bliken dat nei in oere al te besjen wie dat it neat wurde soe omt we te let wiene. Dit raast oan'e protters en ûndertusken binnen we moai 6.400,oan de klub kwyt dy't sa'n systeem yn stân hâldt en om samar te sizzen harren eigen lean feilichsteld. Yn maaie komt in soartgelikense en miskien deselde klub wol te praten oer de saak fan it swimbad. 0063V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 7