-6- It is yndied sa dat it 100 persint wis is dat se net wer deselde snoade streek úthelje en ús foar de safolste kear opdrave litte om ynhaldlik te praten en dat it dan letter wer op formele grûnen net üntfanklik ferklearre wurdt. As dat net foar 100 persint wis is belje dan mar óf. De minsken fan P.O.D. hawwe sein dat we net by harren wêze moasten mar by de dakbedekker en dat we besykje moasten de saak ûnderinoar út te iten en om tegearre de fabrikant oan te pakken. No't bliken docht dat dat net mooglik is is de termyn ferstreken. Undertusken is it wol sa dat it fonnis fan deselde kommisje ús ferplichte hat om de ynhâldlike adviseurs fan de P.O.D. k 6.000,te beteljen. Minsken dy't ús sa oan it lyntsje hélde en ús yn in prosedure stoarte dy't ús no al 12.000,kostet wol hy gjin saken mear mei dwaan. Us rjochtskundige adviseurs mei dochs fan ferwachte wurde dat dat wat mei in kertier fêsteld wurde kin harren bekind wie. Is it net sa dat wy sa advys ynwûn hawwe by deselde minsken dy't advisearren de prosedure troch te setten en dy't dêrmei foar likernoch 9.000,ek harren eigen potsje oan it spekken binne? Al mei al sa'n 21.000,en dan is der noch gjin kante meter fan it dak reparearre. Hy freget wat de reparaasje fan it dak kostje mei. Mevrouw Sant-erna zegt dat deze simpele mededeling de V.V.D.- fractie en de gemeente Boarnsterhim geen goed doet. Ook het feit dat deze kwestie te lang is blijven liggen en daardoor verjaard is geworden, waarmee al onze rechten verspeeld zijn. In beginsel behoort elke Nederlander de wet te kennen zo ook het college. De herstelkosten van het dak moet de gemeente zelf betalen ondanks het feit dat er in het college twee juristen zitten. Dat het geheel op formele gronden is afgewezen was van te voren te bezien. Er ligt een raadsbesluit van november 1983 waarin de gemeente raad van Idaarderadeel ermee instemt te procederen. Dat er dan pas in 1986 echt geprocedeerd wordt is vragen om moeilijkheden. De hear Volberda fynt it in treurige saak dat it sa ôfrun wêze soe. Hy hat der lykwols gjin frede mei dat we dit sa gewurde litte. It is spitich dat de termyn ferrûn is mar net tsjinsteande dat kin de oannimmer der net ûnderút dat hy in wanprestaasje levere hat. Hy fynt dat de rie de rêch rjocht hâlde moat. De C.D.A.- minsken steane foar harren part fan de kosten sadat it de mienskip gjin jild hoecht te kostjen. We moatte der hurd tsjinoan. De hear Van der Baan wol syn ûnfrede, nei alles wat der al sein is, dochs noch nei foaren bringen. Hy fynt dat hy foar de wize dêr't dizze saak op ófhannele is it kolleezje net in skient priis jaan kin. It moat eltsenien dúdlik wêze, ek de hear Volberda, dat dizze saak ferlen is. Wethâlde Faber seit dat se oan de rie merkt dat der ûntefredenes is. It kolleezje kin him dat hielwol yntinke. By ditsoarte útspraken kin jo allinne mar hiel negatief wêze benammen omt it op formele grûnen ófwezen is wylst jo it gefoel hawwe dat as it ynhaldlik wûgen wie de útslach fêst hiel oars west wie. 0063V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 8