-7- Fanôf it begjin is al bleken dat der mankeminten oan de dak bedekking wiene. Yn 1983 is men yn gesprek gongen mei P.O.D. en no achterôf wurdt fêststeld dat we der gjin betrouwen mear yn hawwe. Mar as jo derfoar steane giet dat faaks wol oars en geane jo der fanút dat yn goed oerlis mei dizze pro^ektûndernimmer in oplossing fûn wurde kin. Der is doe ô£praat meiinoar in saak te begjinnen tsjin de fabrikant. De petearen, dêr't in wiidweidige ferslachjouwing fan is, binne trochgien oant de termyn fan 5 jier ferstrutsen is. No achterôf wurdt der sein dat we te goed fan betrouwen west hawwe. We hienen neist it petear tagelyk in prosedure opstarte moatten. It berop oantekenjen is te let mei begûn, eins op it momint dat we der hast al gjin mear yn hiene. De adviseurs hawwe sein dat de wiidweidige ferslachjouwing, net- tsjinsteande dat de termyn fan 5 jier ferstrutsen is, dochs noch wol kansen jout. Yn dy sin dat dat oan jout dat we de fabrikant oanfochten hawwe fanôf it momint dat it earste petear der wie. Dat is dan fuortendaliks keppele oan de kwestje mei it swimbad. Ek foar it swimbad is oangeande de termyn itselde oan de gong. Se hopet lykwols dat de gegevens út'e petearen oer it swimbad sa swier wege dat it trochslachjouwend is. Trochsette sa't de hear Volberda wol hat gjin sin omt we it al ferlen hawwe op formele grûnen. It kolleezje hat mear betrouwen yn wat der yn maaie barre sil. De petearen oer it swimbad binne hiel yngeand west, der is in hiel goede ferslachjouwing en yn dit gefal wurdt de P.O.D. oansprutsen en net it bedriuw dat it materiaal levere hat. Se wit net krekt wat it meitsjen fan it dak kostje sil. Al mei al in ferfelende, tryste saak en it hat ús leard dat jo neist oerlis en petearen direkt ek in prosedure begjinne moatte omt wy it risiko dat it oars misgiet net wer rinne wolle. It fait de hear Volberda óf dat it kolleezje sa gau belies jout. Hy tinkt dat dy oannimner der net ûnderút kin dat hy min wurk levere hat. Al yn 1982 as 1983 binne de earste petearen west en in goede rjochter kin him der net foar weiwine. Wethâlder Faber kin har wol yntinke dat de hear Volberda sa tinkt. It bliuwt spitich dat it net ynhâldlik wûgen is mar al op formele grûnen ôfwezen is. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 5. Voorstel tot vaststelling van een wijziging van artikel D7 van het Algemeen Ambtenarenreglement. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 6. Voorstel tot wijziging van de Leaesverordeninq. Voluit. 0063V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 9