- 7 - De hear S. Bouma seit dat ek syn fraksje him posityf opstelle sil alhoewol dat bart fanut in oare ynfalshoeke as dy't it kolleezje hat. Syn fraksje is fan betinken dat der no al fêst op grûn fan artikel 21 WRO in tariedingsbeslut nommen wurde kin. Dêrnei kinne de plannen fan de fa. Kooiker dy't noch yntsjinne wurde moatte ynhâldlik besjoen wurde en kin de rie op grûn fan artikel 19, lid 3 WRO dêroer beslisse. Dit stânpunt hat syn fraksje al ynnommen yn it twadde fraksjeberie en de twa brieven dy't jûn op'e tafel lizze hawwe der neat oan óf- of tadien. De hear Kooiker hat no boppedat ek in hurde garânsje ôfjûn oangeande it fuortbestean fan de wenbestemming fan it pân Stasjonswei 38. De hear Volberda seit dat syn fraksje achter it kolleezje stean bliuwt. De hear Van der Baan bliuwt it frjemd finen en ek net winsklik om yn ien kear fêststelde wenbestemming, en dat hat hiel wat ynvestearrings koste, te feroarjen. Hy kin yn dit fegal gjin wichtige arguminten fine om it bestemmingsplan oan te passen. Hyltiten wer wurde der oare arguminten oandrûgen en krekt dat hyltiten feroarjen jout him te tinken. Hy hie leaver sjoen dat festhalden wie oan it bestimmingsplan benammen ek omt hy bang is foar presedintwurking. No't it sa rûn is kin hy dochs wol it utstel fan it kolleezje stypje. Wethâlder Breeuwsma seit dat oer it fersyk fan'e fa. Kooiker hiel wat oerlis west hat en no is der al in tredde kolleezje-utstel. It is spitich dat de fa. Kooiker faak op it leste momint krekt foar in gearkomste brieven skriuwt. De hear Van der Baan hat itselde sein as yn'e Sfdieling. Hy kin de hear Nieuwdam wol folgje yn dy sin dat ek it kolleezje no earst wolris krekt sjen wol hoe't de bou-oanfraach fan'e fa. Kooiker wêze sil. Hy is wol fernuvere oer it ferhaal fan de hear Bouma. Yn'e ôfdieling sei er noch dat it bestimmingsplan net wizige wurde moatte soe. Hy konkludearret dat hy him fine kin yn itjinge de hear Nieuwdam sein hat. It kolleezje hat perfoarst net negatyf tsjin de ûntjouwing fan it bedriuw Kooiker oer. It gong en giet der om dat de Stasjonswei in wenbestimming en de Oedsmawei in yndustrybestimming hat. Hy hopet dat dat ek it útgongspunt foar de rie bliuwt. De hear SBouma seit dat hy neat heard hat oer it utstel fan syn fraksje, wylst it neffens him gjin ûnrjocht docht oan'e bewenners en tagelyk wurdt dudlik makke oan'e fa. Kooiker dat we wol meiwurkje wolle mar dan ûnder in tal betingsten dy't sy sa stadichoan wol ynskatte kinne. De voorzitter denkt dat de standpunten van PvdA en WD op elkaar aansluiten behalve dat de WD nu alvast een voorbereidingsbesluit wil nemen. Wethâlder Breeuwsma wol graach dat it kolleezje-útstel stipe wurdt mei de positive opstelling sa as troch de hear Nieuwdam ferwurde. 0064V 54

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 12