- 9 - Har fraksje fynt it in goede saak dat it sa opsetten wurdt ek al omt it dan mooglik is mear finansjele boarnen oan te boarjen. Har noed giet út nei it personiel. Se freget oft al dúdlik is hoe't dat komt. De finansjele stipe fan de gemeente foar it PMSW bliuwt gelyk en dat is nedich om it fuortsetten fan it projekt te stimulearjen. Der is neat op tsjin de Radboudskoalle as húsfesting te brûken. It giet fral om in fêst plak foar it PMSW en de basisedukaasje, dy't de leste jierren fan it iene nei it oare plak taskood binne Foar de ferbou fan'e Radboudskoalle tinkt sy dat de maksimale bydrage dy't nedich is te besjen is by de úuteinlike baukosten en de oare subsydzjes dy't los komme. De pot foar it mienskipssintrum Grou is dêr foar oan te sprekken. Se trunet der op oan no gau, sjoen it ferlet dat der is fan in grutte seal, ta beslútfoarming foar Grou te kommen. It jild dat eventueel nedich is foar de ferbou fan'e Radboudskoalle mei hjirop net fan ynfloed wêze. Frou Watzema seit dat har fraksje ynstimme kin mei itjinge op tafel leit. In koepelstichting, gearwurking fan ferskate wolwêzensynstansjes is in goede saak. De basisedukaasje en oare ynstellings krije no ûnderdak. It beslút om dat ûnderdak te sykjen yn'e Radboudskoalle hat har ynstimming. De hear Dotincra fynt ek de Radboudskoalle hiel geskikt. Hy giet ek fierders akkoart mei it útstel. De hear Van der Baan fynt de bondeling fan'e wolwêzensaktiviteiten in goede saak. Hy sit mei de wize wêrop oan'e húsfesting yn'e Radboudskoalle stâl jûn wurdt. Hy hat grutte muoite mei it brûken fan'e reserve dy't bestimd is foar it mienskipssintrum yn Grou. Troch it sluten fan hotel Oostergoo binne der net genôch mooglikheden om de aktiviteiten fan ferienings ûnderdak te jaan. Der wurdt op alle manieren socht om dêrfoar in oplossing te finen. Om dan no te besluten ta it brûken fan'e reserve foar it mienskipssintrum is hy tige teloarsteld oer. Hy tinkt dat der ek kanttekens by it finansjele plaatsje te meitsjen binne. De boekwaerde fan'e skoalle, 3.100,wurdt ynbrocht mar de reële wearde leit fêst heger sadat der tinkt him mear jild ynstutsen wurdt dan dat it foar it each liket. Der hie earst in beslút falie moatten oer it mienskipssintrum foar Grou. Hy hie wold dat der in ôfwaging plak fine koe tusken beide saken omt hy tinkt dat no aanst, nei de ferbou fan'e Radboudskoalle de reserve opbrûkt is, sadat in oplossing foar Grou wol fergetten wurde kin. Hy wol dêrom graach in oare finansjele oplossing sûnder dat de reserve foar Grou brûkt wurdt. Wethâlder Bloem seit dat der yndied lang praat is mei de ferskate groepen dy't harren oanslute kinne by de koepelstichting. Dat is best dreech omt minsken wend binne op in bepaalde wize te wurkjen. Yn dy sin is dit in wichtich momint dat men no sa fier is om guon saken meielkoar oan te pakken. 0064V 56

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 14