- 11 - 21. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet ten behoeve van de uitbreiding van de openbare basisschool Juf Boeremaskoalle te Akkrum. De hear Van der Baan fynt dat der net in adekwate oplossing foar in berging fûn is. Hy tinkt dat mei 2.000,mear de souder sadanich ferswierre wurde kin dat dy as bergplak brûkt wurde kin. It jild kin ne££ens him wol út'e reserve foar it technysk ûnderhâld weihelle wurde. No wurde seis de toiletten en it dokterskeamerke brúkt en dat is net sa't it heart. Wethâlder Bloem fernuvert har deroer dat yn ien en deselde ried troch deselde persoan sa hiel ferskillend praat wurdt oer it besteegjen fan jild. It bedrach fan 2.000,is har ek net bekind. Yn'e ôfdieling is ek wiidweidich praat dat it eins in beskamsume saak is dat trochdat it ryk net foldwaande middels jout der jild út'e reserve technysk ûnderhâld weihelle wurde moat om de ferbou te finansierjen. It is hiel ferfelend mar mear kin der net dien wurde. De hear Van der Baan fynt net dat dit bedrach ferlike wurde kin mei it bedrach foar it materieel foar gemeentewurken dêr't hy earder oer praten hat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke steming conform het voorstel besloten. 22Voorstel tot het verlenen van gedeeltelijke medewerking aan het bestuur van de Nii Diipskoalle te Grou voor het verrichten van technisch onderhoud aan de school. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 23. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ter bevordering van de Toeristisch recreatieve ontwikkeling van Terherne. De hear Van der Baan hat muoite mei dit útstel omt hjir publike en private belangen byelkoar foege wurde. Hy fynt it net goed minsken dy't direkte belangen hawwe yn earste ynstansje al yn dit plan te belûken. De saken moatte ek foarôf better strukturearre wurde yn dy sin dat der earst in bestimmingsplan komme moat, sadat de ynspraak fan'e befolking ek foldwaande ta syn rjocht komme kin. Op dy wize kinne de fierdere ûntjouwings ek better stjoerd wurde. Hy tinkt dat de gemeente oars al te maklik troch projektûntwikkelers ynpakt wurde kin. Hy freget him of hokker betingsten der by dit gearwurkingsferbân makke binne. It útstel jout him de yndruk dat Terherne oan hannen en fuotten bun wurdt. De voorzitter zegt dat de heer Van der Baan zich bij dit voorstel terughoudend heeft opgesteld zoals hij vanavond al meer heeft gedaan. Hij geeft daarmee althans ten aanzien van dit voorstel wel inhoud aan het spreekwoord dat luidt: de mens lijdt het meest van het lijden dat hij vreest. 0064V 58

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 16