- 4 - Mevrouw Aukes denkt dat beter een integrale benadering gekozen kan worden. Er kunnen dit jaar immers nog wel meer tegenvallers komen en dan kunnen we weer opnieuw beginnen en draaien we als het ware in een kringetje rond. Wethâlder Faber kin har wol yntinke dat frou Aukes dat seit. Mar Deputearre Steaten freegje no ienris fan ús hoe wy it gat yn'e begrutting tichtmeitsje sille. It is bést mooglik dat aanst nei de weroriëntaasje op speerpunten ensf. guon besunigings út'e maitiids- nota weromdraaid wurde kinne. It jier 1989 is noch mar krekt oan'e gong dat it liket de hear Volberda sterk dat we no al sizze kinne dat de begruting slút. Der sille ommers fêst mear tsjinfallers komme. De hear Van der Baan freget nochris omtinken foar de skieding dy't makke wurdt tusken de sachte en de hurde sektor. Hy tinkt bygelyks dat der fierstente folie gemeente-auto's binne. Fragen dy't hy steld hat oer wat it laadperron oan'e Blikpolle no echt kostje moat binne nea beantwurde. It giet yn beide gefallen om hiele grutte bedragen en him tinkt dat der perfoarst in soad jild op besunige wurde kin. De hear G. Bouma fynt dat de hear Van der Baan net hyltiten mei itselde ferhaal komme moat as wol bliken dien hat dat it net opgiet wat hy seit. Hy seit mei klam dat it ûndersyk troch in ekstern buro rjochte wêze moat op it takenpakket en net op'e organisaasje op himsels. De voorzitter zegt dat wat tijdens de vergadering naar voren is gekomen door het college betrokken zal worden bij de overwegingen om te komen tot een definitief voorstel voor de vergadering van 27 juni aanstaande Hij sluit hierna de vergadering om plm. 17.45 uur. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van 27 juni 1989. de /voorzitter, svdh/jbm 0064V 32

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 21