GEMEENTE BOARNSTERHIM 39. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oanpakken fan Tsienzerbuorren yn it ramt fan de Wet Lûdlêst. Oan de gemeenteried. Grou, 16 juny 1989. De Miljeu-advystsjinst Noard Fryslân hat yn opdracht fan ús gemeente undersyk dien nei de takomstige lûdbelesting op'e gevels fan de wenten bijlâns de Sll (Snitserdyk)Haaddoel fan it undersyk wie it fêststellen fan it tal wenten oan Tsienzerbuorren dat foar sanearring yn oanmerking komt en de kosten dy't soks mei him meibringt, om sadwaande in projekt utstel dwaan te kinnen foar it subsidiearjen fan'e útfiering. Der binne 7 wenten dy't sanearre wurde moatte. Dat wol sizze dat der lûdredysearjende maatregels oan'e gevels nedich binne. De útfieringskosten wurde rûsd op sa'n 88.000, Dêr mei 15% op- slachkosten foar plantarieding - dat is 13.200,— - oerhinne rekkene wurde. Alles meiinoar 101.200, Ut dy 13.200,moatte dan de kosten fan'e Miljeu-advystsjinst en de kosten fan'e gemeente betelle wurde. Neffens it útstel fan'e amtlike miljeuwurkgroep fan'e regio kin de gemeente yn 1990 100.000,- krije út it regionaal budzjet foar oplossing fan it probleem Tsienzerbuorren. Wat it wurk oanbelanget kin meidield wurde dat al in soad foarwurk dien is. Der is in wurkgroep ynsteld; der is in foarljochtingsjÛn halden foar alle bewenners fan Tsienzerbuorren. De ôfdieling boukunde is al ree mei it opnimmen fan'e wenten. It soe hiel moai wêze as no wat de plantarieding oanbelanget, troch- wurke wurde koe. Mar hjir stiket it. Punt is dat it jild -dat fan it ministearje komme moat- pas yn 1990 komt. Dat it komt kin wol steat op makke wurde Trochwurkje is allinne mooglik as de gemeente in stikje foar- finansierje wol. Dat soe kinne út'e researvepost "útfiering Wet Lüd- lest". Op grûn fan it boppesteande dogge wy jimme it utstel in kredyt fan 13.200, beskikber te stellen foar de fuortgang fan it wurk oan Tsienzerbuorren, spesifiek foar de plantarieding, en dat te dekken ut de reserve "útfiering Wet Lûdlêst". As takomme jier it jild fan it ministearje Sfkomt kin de reserve foar dat bedrach wer oanfolle wurde. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, <Je boargemaster, P.H. Starreveld. b.G. Holtrop. 0066V 21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 81