GEMEENTE BOARNSTERHIM 43. Utstel om it fêststellen fan in plan fan nije iepenbiere en bysûn- dere basisskoallen benefter te litten. Oan de gemeenteried. Grou, 16 juny 1989. Yn jimme gearkomste fan 20 maart 1984 hawwe jimme, ûnder wurklistnûmer 27, besletten om de iepenbiere beuker- en legere skoallen, dy't op 1 jannewaris 1984 yn ús gemeente oanwêzich wiene, yngeande 1 augustus 1985 om te foarmjen ta 12 iepenbiere basisskoallen. Derby is der fan út gien, dat 12 iepenbiere basisskoallen goedernôch binne om it iepenbier ûnderwiis yn ús gemeente te folgjen. By dat riedsbeslút is teffens in spriedingsplan fan'e iepenbiere basisskoallen oer de gemeente tafoege. It riedsbeslut fan 20 maart 1984 is op 26 juny 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân goedkard. Neffens de Wet op it Basisûnderwiis kin in nije iepenbiere en in bysûndere basisskoalle allinne bekostige wurde, wannear't dy skoalle foarkomt op in plan fan nije skoallen, dat foar de oanbelangjende gemeente feststeld is. Yn dat ramt moat de gemeenteried alle jierren in plan opstelle, dat 3 skoaljierren efterinoar omfiemet. Yn dat plan wurdt oanjûn hokker iepenbiere en bysûndere skoallen oan it begjin fan it earste skoaljier en hokker skoallen letter foar bekostiging yn oanmerking komme sille. Dat plan moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. De planproseduere, dy't yn dat ferbân foarskreaun is, is dellein yn'® kêsten 53 oant en mei 64 fan de Wet op it Basisûnderwiis. De planproseduere skriuwt ûnder oaren foar, dat boargemaster en wethâlders foar 1 july oan'e ried utstelle om iepenbiere skoallen yn it plan op te nimmen. Fierders kin it foechhawwende gesach fan in bysûndere skoalle foar 1 april de gemeenterie it fersyk dwaan om harren skoalle yn it plan op te nimmen. Yn kist 63 fan de W.B.U. wurdt lykwols bepaald, dat it fêststellen fan in skoalleplan benefter bliuwt, wannear't gjin fersiken foar opnimming yn it skoalleplan ynkommen binne of de gemeenteried besletten hat, dat it fermearderjen fan it tal iepenbiere skoallen yn'e planperioade net nedich is om foldwaande iepenbier ûnderwiis folgje te kinne. Ek dat beslut moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. Nei oanlieding fan it boppesteande diele wy jimme mei, dat gjin oanfragen, lyk as bedoeld yn kêst 63 fan de W.B.U. ynkommen binne, wylst wy fierders, mei achtslaan fan it spriedingsplan fan iepenbiere basisskoallen yn ús gemeente - ek mei it each op de üntwikkeling fan it tal learlingen oan'e iepenbiere basisskoallen - fan betinken binne, dat foarearst gjin fermeardering fan it tal iepenbiere basisskoallen yn ús gemeente nedich is. 0064V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 86