GEMEENTE BOARNSTERHIM
45. Utstel om de subsidiearring fan it
godtsjinstûnderwiis oan'e basis-
skoallen yn'e gemeente te wizigjen.
Oan de gemeenteried.
Grou, 16 juny 1989.
Ut jimme beslút fan 19 maart 1985, nûmer 20, docht bliken, dat it
subsydzje foar godstsjinstûnderwiis op'e basisskoallen sûnt 1 janne-
waris 1986 in bedrach omfiemet fan 225,foar elk wykliks
lesoere. Dat beslút betsjutte in wiziging fan it beslút fan 20
novimber 1984, nûmer 29. Beide besluten mei oanbelangjende útstellen
lizze foar jimme by de riedsstikken op besjen.
Yn'e gemeentebegrutting fan de léste jierren waard hieltyd in
subsydzjebedrach fan meiinoar 1.800,jiers opnommen. Dat bedrag
wie basearre op 8 lesoeren fan 225,
It hat bliken dien, dat dat bedrag net foldwaande wie, omdat it
folsleine oantal lesoeren de léste jierren mei likernôch 100%
tanommen is.
Dat hat fan gefolgen hén, dat jimme ried yn syn gearkomste fan 20
desimber 1988 (wurklistnûmer 33) besluten hat om de gemeentebegrut
ting 1988 op dat punt te wizigjen en it subsydzjebedrag foar it gods
ts jinstûnderwi is foar 1988 te ferheegjen mei 1.500,en neier
fêst te stellen op 3.200,
Mei it each op it tanommen tal subsydzje-oanfragen foar godstjinst-
ûnderwiis hawwe wy ús neier beret oer it subsydzje foar dat
ûnderwiis foar 1989. Dêrby binne ús gedachten útgongen nei in
budzjettearring op basis fan in maksimum tal subsydzje-oeren.
It hat ús bliken dien, dat yn 1988 oan alle iepenbiere basisskoallen
godstsjinstûnderwiis fersoarge wurdt. Foar 1989 mei oannummen wurde,
dat dat net oars wêze sil. Foar de folsleinens merke wy hjir noch
op, dat oan de bysündere basisskoallen yn'e regel les jûn wurdt
troch de learkrêften fan de oanbelangjende skoalle.
No it it sa, dat oan de measte fan de 12 iepenbiere basisskoallen
wyliks 1 lesoere godtsjinst jûn wurdt, lyk as yn it ûnderstende nei
foaren komt.
Iepanbiere basisskoalle:
Tal bern op
Tal oeren godstsjinst-
16.01.1989
ûnderwiis yn 1988 en
it subsydziebedrach
It Kampke, Terherne
36
1 225,—
De Lege Geaën, Sibrandabuorren
39
1 225,—
De Finne, Warten
65
1 225,—
Juf Boeremaskoalle, Akkrum
70
1 225,—
It Tredde Sté, Jirnsum
98
1 225,—
It Raerderhiem, Raerd
105
1 225,—
De Boarne, Aldeboarn
107
2 450,—
De Trije Doarpenskoalle, Reduzum
125
1 225,—
Boargemaster Thalenskoalle, Akkrum
156
1 225,—
J.H. Nieuwoldskoalle, Wergea
175
2 450,—
Dr. Eeltsje Halbertsmaskoalle, Grou
206
2 450,—
Master Wielsmaskoalle, Grou
212
2 450,—
0066V 7