-2-
Wat derby opfalt is, dat it by de Tri je Doarpenskoalle en de Boarge-
master Thalenskoalle mei 125 en 156 learlingen giet om 1 lesoere
subsydzje, by "De Boarne" mei 107 bern om 2 oeren en by "It Raerder-
hiem" mei 105 bern om 1 lesoere subsydzje.
Yn ferbân mei it boppestande achtsje wy it ridlik en winsklik
oangeande it subsidiearjen fan it godstsjinstûnderwiis in 100
learlinge-grins ta te passen, yn dy sin, dat foar skoallen mei minder
as 100 learlingen oanspraak makke wurde kin op in subsydzje, dat
basearre is op 1 lesoere fan 45 minuten en skoallen mei mear as 100
learlingen oanspraak meitsje kinne op in subsydzjebedrach, dat
basearre is op 2 lesoeren fan 45 minuten.
Dat betsjut, dat yn'e gemeentebegrutting foar 1989 rekken holden
wurde moat mei in subsydzje fan meiinoar 4.275,(5 skoallen: 5 x
1 oere x 225,7 skoallen: 7x2 oeren x 225,
Ien en oar hawwe wy oan'e oarder steld yn it oerlis mei de
direkteuren fan de iepenbiere basisskoallen en yn'e 3e ôfdieling fan
jimme ried. De 3e ôfdieling - likegoed as de direkteuren - kin him
fine yn in sadanige wiziging fan de subsydzjeregeling op dat mêd, mei
dy oanfolling, dat njonken de mooglikheid om it godstsjinstûnderwiis
te subsidiearjen ek subsydzje jûn wurde kin foar libbensbeskôglik
foarmingsûnderwiis dat neamd wurdt yn'e kêsten 30, 31, 37, 38 en 11
fan de W.B.U.
Mei de 3e ôfdieling fan jimme ried, binne wy fan miening, dat it fan
belang is om it godstjinstûnderwiis likegoed as it libbensbeskôglik
foarmingsûnderwiis op'e iepenbiere basisskoallen te subsidiearjen,
omdat dat ûnderwiis beskôge wurde kin as in bydrage ta de algemiene
foarming fan de learlingen.
Boppedat wurdt dêrmei optimaal it karakter fan de iepenbiere
basisskoalle garandearre.
Gearfetsjend stellen wy jimme út om te rekkenjen mei yngong fan 1
jannewaris 1989 it riedsbeslút fan 19 maart 1985, nu. 20 mei
achtslaan fan it boppesteande te wizigjen en oan te foljen neffens it
ûntwerp-beslút dat foar jimme by de riedsstikken op besjen leit.
Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim,
de siktaris, de boargemaster,
P.H. Starreveld. B.G. Holtrop.
0066V 8