- 9 - Hy hopet dat de problemen dy't foar guon bedriuwen ûntsteane oplost wurde kinne. Dit nije bedriuwsterrein sil posityf bydrage oan'e ûntjouwing fan Grou. Ek oan'e wettersport wurdt temjitte kommen trochdat de brêge op 2.50 meter komt te lizzen. Wethêlder Breeuwsma konkludearret dat útsein de hear Van der Baan de rie tige posityf tsjin it útstel oer stiet. It giet om in tige yngripende saak, der stiet hiel wat op it spul. It is dêrom tige wichtich dat dy ferantwurdlikens meininoar nommen wurde kin. Der wurdt ynspile op in gelegenheid dy't him noch mar koartlyn foardien hat. It kolleezje en de rie binne fan gedach ten dat dizze kâns grepen wurde moat. Grou, dat aanst ek oan de dûbele RW 32 lizze sil sintraal yn Fryslân, hat no gjin yndustryterrein foar hannen. Dat freget fansels wol om maatregels. Wat dat oanbelanget moat dizze mooglikheid realisearre wurde. It is uteraard sa dat wannear't de provinsje ûnferwachte net mei in bydrage komt fan in miljoen gûne is it risiko te grut en kin it plan net trochgean. Hy seit dat der nochris mei de hear Van Gorkum oer in oplossing praten, wurde sil. It is wol sa dat Van Gorkum no net oan in lisoever leit. De hear Van der Baan doart it net oan om it útstel te stypjen. As it goed ôfrint hearre we neat, mar as it misrint sil de hear Van der Baan wol sizze dat hy it al fan te foaren sein hat dat it risiko te grut wie. Der sil noch besocht wurde om de houten brêge heger te lizzen sadat der noch mear boaten ûndertroch kinne. Lykwols is it in probleem dat de opritten net te lang wurde meie. Mei de bedriuwen dy't miskien in skeaklaim yntsjinje wolle sil praten wurde om dochs in befredigjende oplossing te krijen. De hear Nieuwdam fynt it spitich dat ien lid fan'e rie êfheak- ket. Dyjinje moat him goed realisearje dat it no of nea is. It giet om in qrûnbedriuw en in bedriuw hat yn him dat der altiten eat fan risiko's nimmen yn sit. Hy fynt dat it beswierskrift fan de hear Van Gorkum honorearre wurde moat. Der moat op in adekwate wize foarsjoen wurde yn'e problemen fan de hear Van Gorkum noch foarútrinnend op it oan- wizen fan lisplakken yn it ramt fan'e lisplakkenoardering. De hear Van der Baan seit dat it foar him net sa mar wat west hat om tsjin te stimmen. Hy hat der hiel lang oer prakkisearre en in swiere ôfwaging makke. It docht him ek sear dat hy as ien- nichste lid sizze moat dat hy it net oandoart. As it beslút aanst nommen is sil men him der net mear oer hearre. Wethâlder Breeuwsma seit ta dat it kolleezje besykje sil de saak fan de hear Van Gorkum op te lossen. Hy kin no net sizze op hokker wize dat barre sil. Hy fynt dat de heer Van der Baan yndied seis ferantwurdlik is foar wat hy wol. Hy nimt de útlis fan de hear Van der Baan dêrom fierder foar kundskip oan. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wil geacht worden te hebben tegen gestemd. 0070V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 11