- 13 - Frou Watzema seit dat de animo foar it alarmearringssysteem grut is en se is dan ek bysunder bliid dat der mear jild foar beskik- ber komt. It stribjen om de âlder wurdende minsk sa lang mooglik yn syn eigen omjouwing te halden kin troch sokke foarsjennings as alar mearringssysteem en waarm-iten-rûnbringen mear stal krije. It stribjen fan'e wentebouferiening om groepsalarmearring oan te lizzen is se tige mei ynnommen. It moat har fan it hert dat se tige grutsk is op de wize dêr't men yn Aldeboarn al 20 jier minsken, dy't seis net mear foar harren waarm iten soargje kinne, helpt. Se hat heard fan de U.V.V. dat men bysunder wiis is mei dizze subsydzje. Men wit dêr ek wol dat de 4,dy't men no foar in miel waarm iten freget te min is en de U.V.V. is fan doel dat bedrach op te skroeven om sa jild te reservearjen foar grutte útjeften. Der is gjin ferliking te meitsjen mei wat men betel je moat foar in miel waarm iten út Menaam omt yn Aldeboarn in grut tal frijwilligers wurket. Men hat seis in eigen grientetún. It wurkjen mei eigen minsken hat it grutte foardiel dat men elkoar kin en dat men jins ferhaal, as dat nedich is, kwyt kin. Al mei al is se tige grutsk op dit wurk yn Aldeboarn. As leste wol se noch wol kwyt dat se soargen hat oer it tal fan frijwilligers dat stadichoan lytser wurdt. It docht bliken dat jongere minsken óf wurk hawwe óf oare besichheden en dat soe wolris skealik wêze kinne foar dit frijwilligerswurk. De hear Dotinaa seit dat syn fraksje achter it útstel stiet. Hy hopet ek dat de groepsalarmearring goed fan'e grûn komme sil. Hy wurdearret it tige dat yn Aldeboarn sa'n protte frijwil ligerswurk dien wurdt. Wethalder Bloem seit dat alarmearring foar minsken dy't sa lang mooglik selsstannich wenjen bliuwe wolle tige wichtich is. Se is dan ek hiel bliid dat yn alle krapte dy't der is hjirfoar romte fûn is. De foars jenning foar it waarm iten is in ûnderdiel dat yn'e ynventarisaasjenota âlderenbelied nei foaren kaam omt der nochal ferskate metoades foar binne. De fraach is oft dy opelkoar oan- sluten wurde kinne of dat ien en oar neistelkoar brûkt wurde kin. Dat freget noch gâns stúdzje. Se hopet lykwols dat dy foar- sjennings dy't no goed draaie, Aldeboarn is dêr in goed foarbyld fan, harren wurk dwaan bliuwe kinne. De alarmearring is fansels in goede saak. Der giet in hiel goede preventieve wurking fanút yn dy sin dat minsken harren rêstiger en feiliger fiele. Uiteraard wurdt der fierder praat yn'e tredde ôfdieling. Frou S. Ziilstra seit dat út rapporten oer it fri jwilligerswurk yn Fryslên bliken docht dat yn'e takomst hyltiten minder minsken frijwilligerswurk dwaan gean. Ek dêrom is it de muoite wurdich it bedrach dat yn Aldeboarn jildt alfêst wat heger te meitsjen, mear oanslutend by de oare doarpen. Frou Watzema fynt dat it eins wol moast dat bygelyks de jongerein dy net wurkje meidogge oan it frijwilligerswurk. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 0070V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1989 | | pagina 15